Gemma Christina Arterton ( Gravesend, 12 jannewaris 1986[1]) is in Ingelsk aktrise.
Biografy
Arterton waard berne yn Gravesend, dêr't sy mei har suske Hannah en har allinnesteande mem wenne. Har heit wie lasker en har mem wie skjinmakster. Har âlden gienen útelkoar doe't sy fiif wie. Op de middelbere skoalle spile hja al toaniel. Yn 2007 studearre se ôf oan de aktearskoalle Royal Academy of Dramatic Art yn Bloomsbury.[2] Al yn dy stúdzje waard se cast foar de film Capturing Mary (2007).
Itselde jier makke se har teaterdebút as Rosaline yn in nije ferzje fan it Shakespeare-toanielstik Love's Labour's Lost yn it Londense Globe Teater.[3] Ek 2007 wie har spylfilmdebút yn St. Trinian's, in rol dy't Sienna Miller ek graach hân hie. Omdat Arterton doe noch net bekend wie en Miller al in stjer wie, joech sy harsels net folle kâns.[4]
By in optreden yn Love's Labour's Lost seach in talintejager fan de film Quantum of Solace har en wie tige ûnder de yndruk. Sy die audysje foar in rol en wie tige ferbaasd doe't se frege waard om in screentest mei Daniel Craig te dwaan. Se krige lang om let de rol en fersloech dêrmei 1.500 oare gadingmakkers. De film betsjutte de grutte trochbraak foar Arterton. Sy wie yn 2008 ek te sjen as Tess Durbeyfield in de minirige Tess of the D'Urbervilles (nei de roman fan Thomas Hardy). Fan doe ôf wist se geregeldwei grutte rollen te pakken. Sa spile se de Grykske healgod Io yn Clash of the Titans en de moaie prinses yn Prince of Persia: The Sands of Time.
Faaks hat har rol yn de film The Disappearance of Alice Creed (2009) de measte opskuor jûn; it personaazje dat se spile waard ûntfierd en misbrûkt yn ferskate neakensênes.
Op 5 juny 2010 is Gemma Arterton yn it geheim troud mei Stefano Catelli, in sales manager, yn Zuheros, Spanje. Ier yn 2013 giene sy útelkoar. Gemma hat in ingelwjuk efter har lofter ear tatûearje litten..[5]
Filmografy
Film
Jier | Titel | Rol | Oantekenings |
---|---|---|---|
2007 | Capturing Mary | Liza | Telefyzjefilm |
2007 | St Trinian's (2007 film) | Kelly Jones | Nominearre — Empire Award for Best Newcomer Nom. — National Movie Award for Best Actress |
2008 | Three and Out | Frankie Cassidy | |
2008 | RocknRolla | June | |
2008 | Quantum of Solace | Strawberry Fields | Empire Award for Best Newcomer |
2009 | The Boat That Rocked | Desiree | |
2009 | St. Trinian's II: The Legend of Fritton's Gold | Kelly Jones | |
2010 | Clash of the Titans | Io | Nominearre — Teen Choice Award for Choice Breakout Female |
2010 | The Disappearance of Alice Creed | Alice Creed | |
2010 | Prince of Persia: The Sands of Time (film) | Prinsesse Tamina | Nominearre — Scream Award for Best Breakout Performance - Female Nominearre — Teen Choice Award for Choice Fantasy Actress |
2010 | Tamara Drewe (film) | Tamara Drewe | |
2012 | Song for Marion | Elizabeth | |
2012 | Byzantium | Clara | |
2013 | Hansel & Gretel: Witch Hunters | Gretel | |
2013 | Runner Runner | Rebecca Shafran | |
2014 | Inside No. 9 | Gerri | TV-rige (episoade "Tom & Gerri") |
2014 | The Voices | Fiona | Post-production |
2014 | Gemma Bovery | Gemma Bovery | Post-production |
2016 | 100 Streets[6] | Emily | |
2016 | The Girl with All the Gifts | Helen Justineau | |
2016 | The History of Love | Alma Mereminski | |
2016 | Orpheline | Tara | Frânsktalige film |
2016 | Their Finest | Catrin Cole | |
2017 | The Escape | Tara | |
2018 | Vita and Virginia[7] | Vita Sackville-West | Mei dwaande |
Jier | Titel | Rol | Opmerking |
---|---|---|---|
2007 | Capturing Mary | Liza | Telefyzjefilm |
2008 | Lost in Austen | Elizabeth Bennet | Minyrige |
2008 | Tess of the d'Urbervilles | Tess Durbeyfield | Minyrige |
2014 | Inside No. 9 | Gerri | Telefyzjerige (ôfl. "Tom & Gerri") |
2016 | Sport Relief 2016 | Jessica Spencer | Part Some Mothers Do 'Ave 'Em |
2017 | Watership Down | Clover | Minisearje, stim |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|