De gemeenteried is in groep fan keazen folksfertsjintwurdigers binnen in gemeente. Dit orgaan kontrolearret it deistich bestjoer: it kolleezje fan boargemaster en wethâlders (B&W).
Nederlân
De lytste gemeenten yn Nederlân hawwe 9 sitten, de grutste 45. Yn de Gemeentewet is it oantal riedsleden nei ynwennertal fêstlein:
Ynwenners | Leden |
---|---|
oant 3000 | 9 |
3001-6.000 | 11 |
6001-10.000 | 13 |
10.001-15.000 | 15 |
15.001-20.000 | 17 |
20.001-25.000 | 19 |
25.001-30.000 | 21 |
30.001-35.000 | 23 |
35.001-40.000 | 25 |
40.001-45.000 | 27 |
45.001-50.000 | 29 |
50.001-60.000 | 31 |
60.001-70.000 | 33 |
70.001-80.000 | 35 |
80.001-100.000 | 37 |
100.001-200.000 | 39 |
200.001 of meer | 45 |
Sûnt de ynfiering fan de Wet dualisearring gemeentebestjoer fan 7 maart 2002, meitsje wethâlders gjin ûnderdiel mear út fan de gemeenteried. Dêrtroch is de hjoeddeiske sitewaasje (mear) fergelykber mei dy fan de Twadde Keamer (it parlemint) op lanlik nivo. Op lanlik nivo kinne ministers gjin diel útmeitsje fan de folksfertsjintwurdiging. De gemeenterieden wurde om de fjouwer jier keazen. Se wurde bystien troch in riedsgriffier. Ek de funksje fan riedsgriffier is ynfierd troch de Wet dualisearring gemeentebestjoer. Yn lytsere gemeenten is de riedsgriffier meastentiids de ienige amtner dy’t de gemeenteraad hat. Yn gruttere gemeenten is der faak in griffy, dêr’t meardere amtners wurkje ûnder lieding fan de riedsgriffier.
De bedoeling fan de Wet dualisearring gemeentebestjoer wie om gemeenteried en kolleezje fan boargemaster en wethâlders te ûntflechtsjen, dus út elkoar te heljen. Dit barde neidat in steatskommisje ûnder lieding fan Douwe Jan Elzinga it regear advisearre hie. Eartiids koe de gemeenteried foaral sjoen wurde as it algemien bestjoer fan de gemeente. It kolleezje fan B&W koe sjoen wurde as it deistich bestjoer, dat nammens de gemeenteried de gemeente bestjoerde. De Wet dualisearring gemeentebestjoer brocht sadanige wizigings oan yn de Gemeentewet dat de gemeenteried benammen kaderstellende en kontrolearjende taken krige. De gemeenteried stelt sûnttiids de kaders fêst wêrbinnen it kolleezje fan B&W de gemeente bestjoert. De gemeenteried kontrolearret fierders de wize wêrop it kolleezje wurket. De bedoeling fan dit alles is dat de gemeenteriedsleden minder fergaderje en mear tiid hawwe om ynfolling te jaan oan harren taken op it mêd fan folksfertsjintwurdiging.
Troch de Wet dualisearring gemeentebestjoer is it oantal politisy dat op gemeentlik nivo wurket (gemeenteriedsleden plus wethâlders) fergrutte. Ommers, in gemeentebestjoer dat foarhinne út 35 riedsleden bestie dêr’t fjouwer fan wethâlder wiene, hie letter 35 riedsleden plus fjouwer oaren as wethâlder. Dat wie in ûnbedoeld byeffekt fan de Wet dualisearring gemeentebestjoer. Troch it kabinet-Balkenende III is in wetsfoarstel yntsjinne om de Gemeente- en Provinsjewet te wizigjen en it oantal politisy op gemeentlik nivo wer werom te bringen op it âlde peil. It kabinet-Balkenende IV hat dit wetsfoarstel lykwols wer ynlutsen.
Gemeenterieden fergaderje yn de regel ienkear yn de moanne, ûnder foarsitterskip fan de boargemaster. By ôfwêzichheid fan de foarsitter wurdt de ried foarsitten troch in dêrfoar troch de gemeenteried oanwiisd riedslid. Foar de ynfiering fan de Wet dualisearring waard de gemeenteried by ôfwêzichheid fan de boargemaster foarsitten troch de lokoboargemaster.
Yn meardere gemeenten wurdt de fergadering begûn en ôfsluten mei it amtsgebed.