In gemeente is yn Frankryk de leechste bestjoerslaach. It Frânske wurd commune (gemeente) kaam foar it earst foar yn de tolfde iuw. It waard brûkt om in lytse mienskip oan te tsjutten. Yn de njoggentjinde iuw waard de commune de opfolger fan de karspel (Frânsk: paroisse) dy't oant doe de leechste bestjoerslaach wie. In Frânske gemeente kin yn grutte noch al ferskille, sa as bygelyks in grutte stêd lykas Parys of in lyts doarpke. Guon communes hawwe mar in hânfol ynwenners.
Oantal gemeenten
Sûnt 1 jannewaris 2017 telt Frankryk 35.416 gemeenten, dêr't der 35.287 fan yn Jeropa en 129 fan yn de Frânske oerseeske departeminten en regio's fan de Oerseeske gebietsdielen fan Frankryk binne. Dat oantal is grutter as yn in soad oare Jeropeeske lannen.
It tal Frânske gemeenten waard troch it foarmjen fan nije gemeenten (communes nouvelles) yn 2016 en 2017 fermindere. Dat foarmjen fan fúzjegemeenten wurdt troch de Frânske oerheid fuortsterke. Yn 2008 telde Frankryk noch sa'n 36.681 gemeenten, dêr't der 36.569 fan yn Jeropa en 112 fan yn de Oerseeske gebietsdielen wiene
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
(1) Binnen de grinzen fan Frankryk tusken 1860 en 1871 en fan 1919 oant hjoed-de-dei |
Nijsgjirrich
It trochsneed oerflak fan in Frânske gemeente yn 2015 is 14,88 kante kilometer. De mediaan fan it oerflak is noch leger; 10,73 kante kilometer. Dat is lytser as yn de measte oare Jeropeeske lannen. Dêrtroch hat Frankryk in heech oantal gemeenten.
It trochsneed oantal ynwenners fan in gemeente yn 2015 is 1700, dêr't de mediaan lykwols 380 is. Dat ferskil wurdt ferklearre troch it grutte tal gemeenten mei minder is 500 ynwenners (57,4%). Der is lykwols grut ferskil yn ynwennertal tusken de gemeenten. Sa hat bygelyks Parys mear as 2 miljoen ynwenners en in oare gemeente mar in hantsje fol.
Nettsjinsteande it tal ynwenners, hat eltse gemeente wol in bestjoer. It bestjoer hat syn sit yn it gemeentehûs (mairie of hôtel de ville). Elts gemeentebestjoer hat deslde rjochten en foech, nettsjinsteande de grutte fan in gemeente. In útsûndering is Parys, want dy gemeente is tagelyk in departemint en is ûnderferparte yn tweintich arrondisseminten. Elts arrondiisemint kiest syn eigen arrondissemintsrie, dy't it arrondissemint bestjoert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |