De Gelderske Fallei is in gebiet yn Mid-Nederlân. It gebiet leit rûchwei tusken de Utertske Heuvelrêch yn it westen, de Nederryn yn it suden, de Feluwe yn it easten en de Feluwerânemarren yn it noarden. De Gelderske Fallei leit foar twatred yn de provinsje Gelderlân, foar in tred yn de provinsje Utert en in lyts stikje yn Noard-Hollân yn de gemeente Blaricum.
Untstean
Ear't de Gelderske Fallei ûntstie, lei op dat plak de delling fan de Maas. Yn de foarlêste iistiid, It Saaliën, luts in grutte iiskwabbe út it noarden wei de delling yn. De Maas moast dêrtroch ôfbûge nei it westen. It iis dreau de ûndergrûn op ta hege driuwwâlen, sa as de Utertske Heuvelrêch en de westkant fan de Feluwe. Doe't it iis himweromluts bleau der in djip glasiaal bekken efter, dat yn it noardlikpart likernôch 100 meter djip wie. Fuortendaliks nei't it iis fuort raande, waard dy bedelte dêrnei stadichoan opfolle. Der ûntstie doe in djippe glasiale mar dêr't in tsientallen meters tsjokke laachklaaieftige iismarôfsettings by foarme waard. Yn it waarme tiidrek dêrnei, it Eemiën, gie de seespegel omheech en berikte it wetter de Gelderske Fallei, dêr't seeklaai ôfset waard. Yn de lêste iistiid, it Weichseliën dy't dêrnei folge, waard deksân ôfset. Yn it Holoseen waard der dêrnei pleatslik fean ôfset.
Gea
It reedlik lege gea hat in wiet karakter. Parten fan it gebiet wiene yn eardere tiden bedutsen mei in feanlaach mei blauwe greiden. Bygelyks yn it Binnenveld, dat tusken Ede, Wageningen, Rhenen en Veenendaal yn leit, binne dêr noch spoaren fan werom te finen, en dêrom wurdt dat gebiet ek beskerme. Oerbliuwsels binne ek werom te kennen yn plaknammen, sa Veenendaal (betsjut "feandelling"), Ederveen en Nijkerkerveen.
Ek de namme Barneveld hat mooglik in wiete oarsprong. De namme betsjut "iepen gea dêr't wetter opkwelt". Dy kwel komt út de driuwwâlen oan wjerskanten fan de delling.
It gea hat in ôfwikseling tusken beammen greide en lytse wâld- en heidegebieten. In foarbyld fan in heide en wâldgebiet is Erica westlik fan Barneveld. De âldste bebouwing leit tsjin de rânen fan de driuwwâlen oan, mei útsûndering fan Barneveld. Dat gebiet wurdt skaaimerke troch benammen lege begroeiïng.
Yndieling
De Gelderske Fallei kin rûchwei yn trije parten ferdield wurde:
- De Iemfallei tusken Amersfoart en de Eemmar)
- Plakken: Amersfoart (U), Blaricum (NH), Hoogland (U), Eembrugge (U), Eemnes (U), Eemdijk (U), Spakenburch (U), Baarn (U) en Soest (U).
- Ofwettering: de Eem.
- De Noardlike Fallei (tusken Harskamp/Wekerom en it Nijkerkernauw/Nuldernauw)
- Plakken: Harskamp (Gl), Wekerom (Gl), Kootwijkerbroek (Gl), Stroe (Gl), Barneveld (Gl), Voorthuizen (Gl), Achterveld (U), De Glind (Gl), Leusden (U), Hoevelaken (Gl), Terschuur (Gl), Zwartebroek (Gl), Nijkerkerveen (Gl), Nijkerk (Gl) en Putten (Gl).
- Ofwettering: De Barneveldske Beek en Laak
- De Súdlike Fallei (súdlik fan Leusden en Barneveld)
- Plakken: Wageningen (Gl), Rhenen (U), Bennekom (Gl), Ede (Gl), Veenendaal (U), De Klomp (Gl), Ederveen (Gl), Lunteren (Gl), Maarn (U), Renswoude (U), Skerpenseel (Gl), Overberg (U), Maarsbergen (U) en Woudenberg (U).
- Ofwettering: De Lunterske Beek, Heiligenbergerbeek, Valleikanaal en de Grift of Grebbe.
Lângebrûk
Yn de Gelderske Fallei is in tige yntinsyf feehâlderijgebiet. Der binne benammen bargehâlderijen en benammen om Barneveld is der in hege konsintraasje fan plomfeehâlderijen.
Befolking
De Gelderske Fallei leit yn de Nederlânske Bibelgurdle. In skaaimerk fan de befolking is it heech persintaazje protestantsk-kristliken. Lykas oan 'e noardkant fan 'e Feluwe wenje yn de Gelderske fallei in soad befynlik-grifformearden. Ofgeande oan de ferkiezingsútslaggen binne der yn de doarpen Ederveen, Veenendaal, Harskamp, Kootwijkerbroek en Wekerom de grutste konsintraasje fan protestantske kristenen, dat him sjen lit yn de ferkiezingsútslaggen mei de helte of de absolute mearderheid fan de stimmen foar de SGP. Ek yn hast alle oare doarpen helje de kristlike partijen in goede mearderheid fan de stimmen. Yn de grutte plakken yn it suden, Ede, Bennekom en Wgeningen, en yn de forinzeplakken Amersfoart, Hoevelaken, Leusden en Nijkerk helje de kristlike partijen gjin mearderheid.
Foodvalley
Yn july 2010 hawwe acht gemeenten yn de delling besletten mei-inoar te wurkjen yn de regio Foodvalley (regio itensdelling). Mank mei kennisynstellings en itensbedriuwen wurket de regio oan útfiering fan de Foodvalley Ambitieschets 2020. Dat regionale gearwurkingsferbân is in gearfoeging fan de eardere gearwurkingsferbannen Regio De Vallei en WERV.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|