Geartruda fan Saksen
libben
berne? 1033
ferstoarn3 augustus - 1113
Foarne
heitBernhard II fan Saksen
memEilika fan Schweinfurt
houlik 1
datum? - 1050
partnerFloaris I
bern1 - Berta
2 - Adelheid
3 - Durk V
houlik 2
datum? - 1063
partnerRobrecht I fan Flaanderen
bern1 - Robrecht II
Greve fan Hollân
perioade1061 - 1063
foargongerFloaris I
opfolgerRobrecht I
Hûs Hollân

Geartruda fan Saksen (1033 - 3 augustus 1113) wie in dochter fan Bernhard II, hartoch fan Saksen en Eilica fan Schweinfurt. Hja wie de mem fan en regintesse foar Durk V.

Geartruda troude om 1050 hinne mei Floaris I fan Hollân, dy’t yn 1061 yn Nederhemert fermoarde waard. Geartruda wie regintesse oer it greefskip Hollân oant har soan Durk âld genôch wie om sels de greeflike taken te dwaan. Geartruda troude foar de twadde kear yn 1063 mei Robrecht I fan Flaanderen. Se ferstoar op 3 augustus 1113 yn Feurne, sy is dêr te hôf brocht yn de Sint-Walburgatsjerke.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.