Geert J. Kuperus (Amsterdam, ?) is in sakeman en ûndernimmer út Snits.

Wie yn de sechtiger en santicher jierren keeper by fuotbalferiening Hubert Sneek en ONS yn Snits en by IJ.V.C. yn Drylts. Joech sûnt 1972 as advertinsjeferkeaper/útjouwer fan Friesmedia oant 1984 ferskate tydskriften en boeken út op it mêd fan hannel, toerisme, sport en kultuer. Sa wie er oprjochter en útjouwer Friesland Post fan 19741984.

Nei in stúdzje Management en Strategy tusken 1983-1986 oan de Universiteit fan Harvard yn Amearika waard er konsultant en managerdirekteur fan meardere bedriuwen. Benammen it mei elkoar yn kontakt bringen fan minsken wie syn doel.
Sa wie er yn 1992 oprjochter fan de EFBQ, de European Foundation for Businees Qulification en sette er yn 1995 de eksklusive Champions Lounge op yn de Amsterdam Arena.
Mei âld-fuotballer Sjaak Swart wie Kuperus gasthear foar (âld)-fuotballers, telefyzjeminsken, Michelin-stjerrekoks en artysten. It is in netwurk fan ûndernimmers, fuotballers en artysten dy't mei iten fan Michelin-koks mei elkoar yn kontakt brocht wurde.

Funksjes

  • Bestjoersfoarsitter EFBQ ( European Foundation for Business Qualification (EFBQ). Opsetter fan Champions Lounge Amsterdam ArenA.
  • Direkteur EC Secretariaten Beheer BV, Management Consulting industry 1989 – 2000
  • Quality Management Centre Europe Management Consulting industry 1984 – 1989 op it mêd fan advys en management
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.