It begjin fan de kalinder yn it Getijdenboek fan Geert Grote, eksimplaar Huis Bergh, hs 4.

Geert Grote (Dimter, oktober 1340 - dêre 20 augustus 1384) wie in Nederlânske midsiuwske diaken, godgelearde, skriuwer, herfoarmer en boetepreker yn de Tsjerke fan Rome. Yn âldere publikaasjes wurdt syn namme ek wol as 'Geert Groote' (mei dûbel 'oo') stavere, mar dat is in njoggentjinde-iuwske skriuwwize foar in midsiuwske namme.

Libbensrin

Geert Grote studearre fan 1355 ôf yn Parys, dêr't hy oan de Sorbonne genêskunde, teology en tsjerklik rjocht studearre. Fan 1368 - 1374 wie hy kannunik fan de Dom fan Aken en fan 1371 - 1374 hie hy in kanunniksplak by de Utertske Dom.

Yn it earstoan libbe er as in begoedige en earsuchtich gelearde. Sels hat er letter fan dizze tiid tsjûge mei it bibelwurd fan Jeremia 2:20: ‘Onder iedere groene boom en op iedere hoge heuvel heb ik gehoereerd.’ mar ûnder ynfloed fan Hendrik Eger fan Kalkar en Jan fan Ruusbroec, en nei in slimme sykte yn 1372 besluet hy ta in mear asetysk libben. Fan 1374 - 1378 wenne hy by de kartuizers fan Monnikhuizen by Arnhim. Geert Grote waard yn 1379 te Utert ta diaken wijd en hold fan doe ôf boetepreken yn in soad Noard-Nederlânske stêden, bygelyks tsjin prysters dy't mei froulju gearwennen (synoade fan 1383) en kleasterlingen mei persoanlike rykdommen. Geert Grote samle in groep folgelingen om him hinne, de moderne devoaten. Hjirút ûntstienen de Susters- en Bruorren fan it Miene Libben en de Kongregaasje fan Windesheim. De biskop fan Utert koe harren rigoereuze opfettings lykwols net wurdearje en furdige foar diakens in preekferbod út. Troch persoanlike kontakten wist Geert Grote, dy't ûnder mear in boek skreau oer it houlik, dochs noch 'sielen te winnen'. Hy stoar yn de âldens fan 44 jier, nei in besite oan in besmette freon, oan de pest.

Neilittenskip

Van Geert Grote binne benammen preken en gebeden oerlevere. In oantal fan syn gebeden krige sa'n wjerklank dat se yn hast alle getijdeboeken opnomd waarden. Yn syn traktaat Contra turrim Traiectensem protestearre hy tsjin de bou fan de domtoer yn Utert, dy't neffens him inkeld de idelheid strielde, en dêrneist yn haadsaak bewûndering fan besikers lûke soe. Dizze tekst waard earst yn de jierren sechtich fan de 20e iuw werûntdekt. Der binne mar in pear hânskriften fan bekend, sadat oannomd wurde kin dat er frijwat allinne stie mei dizze krityk.

Oannomd wurdt dat de belangrykste fertsjintwurdiger fan de Moderne Devoasje Thomas a Kempis (± 1380 - Swol, 25 july 1472) de geskriften fan Grote fierhinne “kodifisearre” hat yn syn geskrift/boek “De neifolging fan Kristus”.

Betinking

Yn Dimter leit ûnder it Lamme van Dieseplein de krypt fan Geert Grote ferskûle. Der is in stichting mei de namme Geert Groote Huis dy't boppe dat plak in betinkingsplak bouwe wol. Op 23 oktober 2008 presintearre de stichting him. Boargemaster Andries Heidema fan Dimter ûntfâlde by dy gelegenheid in boerd op it plein en der waard in liedklok oanbean dy't spesjaal getten is foar it nije ynformaasjesintrum.

Trije organisaasjes yn Dimter dy't de namme fan Geert Groote drage besletten yn 2009 om in Geert Groote Dei yn te stellen, om de preker jierliks te earjen. De earste Geert Groote Dei wie op 3 septimber 2009.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.