De gedrachsbiology of etology is in ûnderdiel fan de biology, dêr't it gedrach fan bisten sintraal yn stiet.

Gedrachsbiology hâld him mei fiif soarten fan ûndersyk dwaande:

Gedrachsbeskriuwing
It meitsjen fan in beskriuwing fan it gedrach fan in bist sûnder dat dêr in útlis oan jûn wurdt.
Motivaasjeûndersyk
It fêststellen, mei help fan de statistyk, fan hokfoar oanliedings ta hokfoar gedrach liede.
Funksjeûndersyk
It neigean fan de betsjutting fan it gedrach, en dan benammen de betsjutting foar it oerlibjen fan de soarte.
Untwiklingsûndersyk
It efterheljen fan de omstannichheden dy't liede ta it oanlearen fan spesifyk gedrach.
Ferlykjende gedrachstúdzje
It bestúdearren fan de ûntwikling fan gedrach troch de tiid, troch it ferlykjen fan it gedrach fan ferwante soarten fan bisten.

Ek fan de psychology út, yn de ferlykjende psychology, it behaviourisme as de learpsychology, wurdt it gedrach fan bisten bestudearre. Lykwols is dêr it ûndersyk úteinlik rjochte op in better begryp fan it gedrach fan minsken.

Bekende etologen

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.