De Geastmer bosk is in bosk oan de noardwestkant fan Ikkerwâld. It is in relatyf jong bosk dat yn de santiger jierren oanlein is as produksjebosk. Der binne paden foar kuierders en hynders. Der lizze twa fivers yn de bosk. Yn 2007 is de bosk flink úttinne. Steatsboskbehear wol de begroeiïng sa riker meitsje sadat der mear fariaasje ûntstiet. De bosk leit op it terrein fan de eardere Eysinga State en de Melkema State.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.