Gdynia
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Poalen Poalen
Provinsje Pommeren
Sifers
Ynwennertal243.770
Oerflak130,79 km²
Befolkingsticht.1863,8 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten54° 31' N 18° 32' E
Offisjele webside
www.gdynia.pl
Kaart
Gdynia (Poalen)
Gdynia

Gdynia (Kasjûbysk: Gdiniô; Dútsk: Gdingen, 1939-1945: Gotenhafen) is in havenstêd yn it noarden fan Poalen. De stêd leit oan de Bocht fan Gdańsk noardlik fan Gdańsk en Sopot. Gdynia foarmet mei Gdańsk en Sopot de stêdekloft "Trijestêd" (Trójmiasto) en leit yn de woiwodskip (provinsje) Pommeren.

Skiednis

Fiskersdoarp

De Michaeltsjerke is de oarspronklike doarpstsjerke fan it âlde fiskersdoarp en tagelyk it âldste gebou fan de stêd

Oarspronklik is Gdynia in doarpke út de 13e iuw, dat oant 1466 yn de Dútske Oardersteat foel en nei dat jier by it keninkryk Poalen hearde. Yn 1772 kaam by de Earste Poalske Dieling it plak by Prusen en dat bleau sa oant yn 1919 troch it Ferdrach fan Fersailles it doetiidske Gdingen wer by Poalen yndield waard. Oant dy tiid wie it in fiskersdoarp.

Twadde Poalske Republyk

Poalen lei troch de Poalske korridor nei 1919 oan 'e Eastsee, mar hie dêr noch gjin grutte haven foar de marine en keapfardij. Dêrom waard yn 1920 mei Frânsk jild útein set mei it oanlizzen fan in grutte seehaven. Yn 1923 farde it earste skip binnen en de jierren dêrnei waard de haven fierder útboud. Foar de ûntwikkeling fan de keapfardij en de marine ferhûze it regear yn 1928 de seefeartskoalle fan Tczew nei Gdynia en sûnt 4 maart 1926 mocht Gdynia him offisjeel stêd neame.

Gdynia yn 1939

It eardere fiskersdoarpke telde yn 1939 al 115.000 ynwenners en dêrmei wie it de 12e stêd fan it lân woarn. Ek de etnyske gearstalling fan de stêd feroare. Gdingen wie yn 1918 noch in Dútsktalich doarpke, mar yn 1939 foarmen de Dútsers in minderheid fan 9,8% fan de Pommerelske befolking. De measte nije ynwenners wiene Kasjûben of Poalen.

Twadde Wrâldkriich

Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich yn septimber 1939 waard Gdynia in haven foar de Dútske Kriegsmarine. Alhoewol't it âlde Dútske doarp Gdingen hiet, waard Gdynia omdoopt ta Gotenhafen om't de Germaanske Goaten yn 'e earste iuw fanút Skandinaavje dêr oan lân kamen. De Poalske befolking, yn oktober 1939 sa'n 50.000 ynwenners, waard dêrnei foar in grut part ferjage. Tusken de 12.000 oant 13.000 ynwenners besteande út Poalske yntellektuelen waarden yn it ramt fan de Intelligenzaktion net fier bûten de stêd deasketten. Yn 1944 waarden de massagrêven iepene en de liken ferbaarnd om de spoaren út te wiskjen.

Poalske arrestanten yn Gdynia nei de ynfal fan de Dútsers yn 1939

Tsjin it ein fan 'e oarloch en it naderjen fan it Reade Leger waard Gotenhafen begjin 1945 in sammelplak foar tsientûzenen flechtlingen. De haven mei grutte skippen lykas de Gustloff en de Steuben bea de lêste mooglikheid om oan it Reade Leger te ûntkommen. De reis oer see wie doe al in nuodlike ûndernimming en allinne al by it torpedearjen fan de Gustloff ferdronken mear as 9.000 minsken (sjoch ek: Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich).

Mei help fan de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften oermastere it Reade Leger de stêd nei in fûle striid. Hitler hie earder it befel jûn om de stêd oant de lêste man te ferdigenjen. By de striid foelen 39.000 Dútsers en 31.000 Sovjet-soldaten. Doe't de Dútsers it ferset opjoegen waarden alle havenfasiliteiten opblaasd en as blokkade de Gneisenau ta sinken brocht. Pas yn 'e simmer fan 1945 koe de haven wer brûkt wurde.

Republyk Poalen

Stakers yn Gdynia dy't it lichem fan de deasketten Janek Wiśniewski drage

Yn 1952 waard de Folksrepublyk Poalen stifte, dy't fuort nei de oarloch de namme Republyk Poalen droech. It folk hie te lijen fan de suverings en de wrede terreur fan de NKVD en it Reade Leger, mar yn 1956 folgen mear frijheden yn it ramt fan 'e Poalske Oktober, wylst it bewâld yn 'e jierren 1960 wer represiver waard. Yn 1970 ûnstiene der yn Gdańsk en Gdynia demonstraasjes nei 't de prizen fan basisbehoeften foars ferhege wiene. Doe't nei in oprop fan de fise-premier dêrta de havenarbeiders fan Gdynia op 17 desimber 1970 wer oan it wurk soene, iepenen de plysje en it leger it fjoer op de arbeiders. It offisjele deadetal yn Gdynia bedroech 18 slachtoffers en it offisjele deadetal rûn fierder op nei 44 mei't de demonstraasjes harren oer it hiele lân fersprate.

Ut ferskate stakingskomitee's op de werven fan Gdańsk en Gdynia ûntstie yn dy tiid it fakbûn Solidarność. De gearwurking fan it fakbûn mei yntellektuelen en de Roomsk-Katolike Tsjerke wie fan grut belang by it sukses fan Solidarność. Net yn it lêste plak koe it bûn mei stipe fan de Tsjerke en paus Jehannes Paulus II de striid ûndergrûnsk oangean mei de oerheid en yn 1989 moast it regear it fakbûn Solidarność wer legalisearje.

Befolkingsferrin

Jier18521870192119261930194019501973
Ynwenners5661.2001.17912.00032.00090.000103.458200.000
Jier198720042015
Ynwenners250.000253.300247.672

It besjen wurdich

Haven

De stêd hat in soad moderne arsjitektuer út de jierren 1920 en 1930. Nijsgjirrich is de haven, dêr't de torpedoboatjager Blyskawica en de wynjammer Dar Pomorza lizze. De Blyskawica hearde yn it ynterbellum ta de Poalske marine en wist mei de manlju yn 1939 nei Ingelân te ûntkommen. It is it iennige skip fan de foaroarlochske Poalske marine dy't de oarloch oerlibbe.

It âldste gebou fan de stêd is de Sint-Michaëltsjerke, de âlde doarpstsjerke.

Musea

ORP Błyskawica
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Weblinks en/of Einzelnachweise, op dizze side.


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.