Garrelsweer
Garrelsweer oan it Damsterdjip
Garrelsweer oan it Damsterdjip
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal450 (31-12-2021) [1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 19' N 6° 46' E
Kaart
Garrelsweer (Grinslân)
Garrelsweer

Garrelsweer is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de Nederlânske provinsje Grinslân en hat likernôch 450 ynwenners. Oant 2021 hearde it doapr by de eardere gemeente Loppersum. It doarp leit 3 km súdeastlik fan Loppersum en leit oan de N360 fan Grins nei Delfsyl. Under it doarp falle de útbuorrens en buorskippen Enzelens, Merum en Nienhuis.

Namme

De namme komt fan de persoansnamme Gerlef en fan wert dat yn it Aldfrysk in opsmiten hichte betsjutte. It doarp waar yn 1057 foar it earst neamd as Gerleviswert, yn 1446 as Gharlsweer en yn 1476 as Garelsweer.

Skiednis

Sicht op Garrelsweer

Garrelsweer ûntstie by de rivier de Fivel. Doe't dy tichtslike waard yn de tsiende iuw de Delf, it lettere Damsterdjip groeven. It doarp lei dêrtroch strategysk oan dat kanaal om't dy yn ferbining mei de Iems en mei in kanaal dy't yn ferbining mei Winsum en it Ryddjip lei. Ebbe en floed hiene doe noch frij spul yn de Delf, mar om 1300 hinne waarden der by Delfsyl trije silen oanlein.

It doarp waard yn 1057 foar it earst neamd yn in oarkonde, dêr't de Dútske kening Hindrik IV it rjocht yn joech om yn Gerleviswert om in merke te hâlden oan de aartsbiskop fan Hamburch. Dêrtroch waard Garrelsweer ien fan de wichtichste plakken yn Fivelgoa. De aartsbiskop liet syn rjochten troch de greve fan Breunswyk waarnimme, dy't op syn bar pleatslike haadlingen as waarnimmers ynsette. Letter ferlear Garrelsweer dy posysje oan Appingedam. Yn it Eastseegebiet binne in tal munten út Garrelsweer fûn mei de opskriften GEROIEVVERE, GEROIEVVRE, GEREOIVV. Fierders binne der guon munten mei it opskrift MERE CIVITAS fûn, dy't ne alle gedachten nei de wierde fan it tichteby lizzende Merum ferwize. Guon skiedkundigen mienden yn it ferline dat earder om Garreweer by Appingedam gie, dochs resint ûndersyk hat útwiisd dat it wis om Garrelsweer gie.

De âldste doarpskearn lei op de trije hektare grutte wierde fan Nienhuis, dy't mei in hichte fan 6,4 meter ien fan de heechste wierden yn de omkriten wie. Dêr soe nei alle gedachten de earste doarpshear wenne hawwe. It doarp waard letter nei de dyk fan it Damsterdjip ferpleatst, dêr't yn de alfde of tolfde iuw in tsjerke boud waard, dy't oan de hillige Nikolaas wijd waard. Yn 'e trettjinde of fjirtjinde iuw waard in bakstiennen tsjerke boud. Nei alle gedachten hearde Garrelsweer ynearsten ta oan de karspel Loppersum, mar waard doe letter in selsstannich karspel, itjinge te sjen is út 'e hoeke dy't út it karspelgebiet fan Loppersum snien waard. De midsiuwske tsjerke waard yn 1912 ferpleatst wêrnei't it âlde gebou ôfbrutsen waard. De frijsteande toer wie al earder sloopt.

De skiednis fan Garrelsweer wie nau ferbûn mei dy fan it Kleaster Blomhof yn Witewierrum, dy't op de tichteby lizzende wierde it foarwurk Nijenhuis hie. It grutste part fan de himrik wie besit fan it kleaster. Yn 1262 waard yn de kleasterkronyk neamd dat der in syl yn de Vismaar oanlein waard. By Muda waard in syl yn it Damsterdjip oanlein, dy't de wichtchste syl fan de Skarmer en Slochter Sylfest waard. Ien fan dy twa silen is neffens de kronyk yn 1192 oanlein. Garrelsweer wie part fan it Dorpster sylfest.

De twa pachtboeren fan de foarwurken yn Nijenhuis en Muda waarden yn 1513 tsjerkfâden. Mank mei de pastoar droegen se it patronaatrjocht fan de tsjerke, ferbûn oan de tsjerkepleats Salbutsuma, oer oan de ealman Johan Rengers van ten Post. Oant yn de njoggentjinde iuw hawwe neikommelingen fan dy famylje it rjocht hân en beneam de predikant.

Oant 1795 hearde Garrelsweer foar in part ta de rjochtstoel fan Loppersum en Wirdum. De twa pleatsen of edele heerden, dêr't de eigeners fan oan de rjochtspraak meidien hearde ta de Merumer klau. Dy wiene de Galkemaheerd en de tsjerkepleats Salbetsumaheerd. It súdlike part fan Garrelsweer wie part fan it Eesterrjocht fan Ten Post.

De basisskoalle De Klimop waard yn 2012 sletten.

Op 15 novimber 2021 waard Garrelsweer troffen troch in ierdskodding fan 3.2 op de skaal fan Richter, as gefolch fan de ierdgaswinning op it Ierdgasfjild fan Slochteren.[2]

It besjen wurdich

  • Herfoarme tsjerke fan 1912
  • Neoromaanske grifformearde tsjerke fan 1908
  • Poldermûne Meervogel
  • Kleastermûne

Ofbylden

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Garrelsweer fan Wikimedia Commons.
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • HolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersum • Losdorp • Medhuizen • MiddelstumOosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • SyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • UitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • BaamsumBiessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.