Garnwerd | ||
Brêge fan Garnwerd (2010) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 340 (2023) [1] | |
Oerflak | 0,2 km² dêrfan lân: 0,18 km² dêrfan wetter: 0,02 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan Garnwerd | ||
Kaart | ||
Garnwerd (Grinslânsk: Garwerd) is in terpdoarp in de Grinslânske gemeente Westerkertier. It leit oan de westkant fan it Reitdjip. Yn 2008 wennen der 320 minsken.[2]
Beskriuwing
Garnwerd, dat mei Ezinge en Feerwerd op it skiereilân Middag leit, bestie al yn de iere Midsiuwen. Yn it earstoan lei it doarp net oan it Reitdjip: dat is pas sa sûnt dy rivier yn 1629 kanalisearre waard en Garnwerd him dêrnei stadichoan nei it wetter ta útwreide. Oant yn it begjin fan de tweintichste iuw wie it doarp wol min te berikken, want it lei oan de oare kant fan it Aduarderdjip en it Reitdjip en dêr wienen doe noch gjin brêgen oer. De iennige ferbining de kant fan Winsum út wie in pont oer it Reitdjip, dy't eksploitearre waard troch de eigner fan Café Hammingh, noch altyd in ferneamde kroech yn it doarp. Garnwerd ferlear syn isolemint pas nei't yn 1933 in brêge oer it Reitdjip en fiif jier letter ien oer it Aduarderdjip oanlein waarden.
Yn Garnwerd stiet in herfoarme tsjerke mei in karakteristike toer, dy't út de trettjinde iuw datearret. Op de dyk by it Reitdjip stiet de yn 1851 boude nôtmûne De Meeuw.
Gallery
- De tsjerke fan Garnwerd (2006)
- It Reitdjip mei Café Hammingh (2007)
- Nôtmûne De Meeuw (2008)
- Skotbalkhúske by de eastlike dykkûpuere yn Garnwerd (2010)
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|