Gabrielle Scream
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Gabriella Scream, Gabrielle,
Kathleen, Noelle
echte nammeCathleen Raymond
nasjonaliteit Amerikaansk
berne7 novimber 1971
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf19951996
offisjele webside
gjint

Gabrielle Scream, echte namme: Cathleen Raymond (7 novimber 1971), is in rêstend Amerikaansk model, neakenmodel, pornografysk aktrise en mainstream-aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Gabriella Scream, en dy't fierders ek gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Gabrielle, Kathleen en Noelle. Hja is 1.73 m lang.

Libben en karriêre

Gabrielle Scream begûn har karriêre as fotomodel en mannekên, mar sette al rillegau útein mei te posearjen foar neakenblêden. Se stie as Pet of the Month yn 'e Penthouse en wurke letter mei oan 'e Penthouse-fideo Venus Descending (1996). Doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film foar it Sweedske Private-label. Yn 1995 en 1996 spile se yn in stik as sân pornofilms, wêrûnder The Gigolo diel 1 en 2, fan 'e Frânske regisseur Pierre Woodman, en fierders yn fjouwer dielen fan 'e rige Private Triple X.

Njonken har pornokarriêre wie Scream ek aktyf as mainstream-aktrise, almeast ûnder har eigen namme (ynsafier't se op 'e ôftiteling neamd waard). Sa figurearre se yn 'e Amerikaanske B-films Perfect Gift (1994) en Sexual Impulse (1997), hie se in lyts roltsje yn Virtual Encounters (1996), en fertolke se in byrol yn 'e dramafilm Seduce Me: Pamela Principle 2 (1994).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.