Gabbemagasthûs
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adresWijbrand de Geeststrjitte 42
koördinaten53° 12′ NB, 5° 48′ OL
bysûnderheden
type bouwurkgasthûs
boujier1906
arsjitektW.C. de Groot
boustylJugendstil
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer24282
oare ynformaasje
tal ferdjippings2 (ynkl. grûnferdj.)

It Gabbemagasthûs is in ryksmonumint yn de stêd Ljouwert. It pân stiet oan de Wijbrand de Geeststrjitte 42 yn de buert Mûnepaad yn de wyk Ald-East.

Skiednis

It oarspronklike gasthûs by de Grutte of Jakobinertsjerke waard yn 1634 troch Abbe Freerks Gabbema stifte. Yn 1906 waard oan de Wijbrand de Geeststrjitte nijboud dy't ûntwurpen waard troch Willem Cornelis de Groot. It U-foarmige pân en it tûnstek waarden yn Jugendstil-styl útfierd. It pân, dat út ien ferdjipping bestiet, waard boud mei oranjeread stien. Op it tek lizze read- en grien glazuere tekpannen. Yn it midden fan it gebou stiet boppe oer de yngong in polygroom tegelskildering mei de namme fan it gasthûs en in houten klokketuorke mei in ynsnuorre spits.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.