Gaast | |
---|---|
Himrik fan Gaast yn de eardere gemeente Wûnseradiel | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Fryslân |
Gemeente | Súdwest-Fryslân |
Sifers | |
Ynwennertal | 200 (2021)[1] |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 0' 59" NB, 5° 24' 30" EL |
Webside | Side Gaast |
Gaast is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de kust fan de Iselmar tusken Warkum en Makkum, mei 200 ynwenners (1-1-2021). Oant 2011 lei Gaast yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Gaasten binne hege balstien- en sângrûnen, opstowe troch Skandinavysk lâniis, sa'n 135.000 jier lyn. Om 1270 hinne wurdt skreaun oer Lutkegast, Lytse Gaast dus. Gaast wie eartiids in fiskersdoarp oan de Sudersee. De ynwenners fertsjinnen harren brea mei de walfiskfangst. Yn it wapen fan Gaast stiet dan ek in walfisk ôfbylde. De namme waard foar de Steatestavering fan 1980 as Gaest stavere.
Walfiskfeart
Gaast is in âld fiskersdoarp. In protte Gaasters wienen eartiids fiskers en fertsjinnen it deistich brea as bemanningslid yn de walfiskfeart. Sa komt ek de walfisk yn it doarpswapen. Lange tiid wie yn in hûs in stien ynmitsele mei it ôfbyld fan in walfisk. Yn 1995 waard der yn it weidek fan de Buorren yn Gaast in walfisk ynfluorre, as oantinken oan de walfiskfeart en as komepensaasje fan it ferdwinen fan de gevelstien út it doarp. No leit de stien yn it Frysk Skipfeartmuseum fan Snits.
Troch de ynset fan Doarpsbelang en yn gearwurking mei it skipfeartmuseum is der in kopy fan de stien makke. Dy leit no yn 'de Fûke' en sil ynmitsele wurde yn 'de Fûke' te Gaast.
Fan 1913 - 1941 hie Gaast in rêdingstation fan de NZHRM, om skippen yn need help te bieden op wat doe noch de Sudersee wie. Yn “de Fûke” en yn “het boek van Gaast” binne foto's dêrfan te sjen.
Tsjerken
De herfoarme tsjerke út de 14e iuw hat in houten tuorke út 1763 waard yn 1906 ommitsele. De grifformearde tsjerke sit yn de ferboude âlde skoalle fan it doarp. Yn de âlde tsjerke preke yn de 17e iuw dûmny Adam Westerman, dy't in stichtlik boek foar seelju skreau, de ferneamde (Groote) Christelycke Zee-vaart (1611), dat lange tiid ferplicht oan board fan VOC-skippen wêze moast. Ien fan syn opfolgers, Petrus Vomelius, waard in heal iuw letter fuortstjoerd út reden fan liderlik hâlden en dragen.
Mienskip
Gaast hat in doarpshûs, De Fûke. Fierder hat it doarp in eigen sjong-, biljert- en toanielferiening. Mei Ferwâlde hat Gaast de keatsferiening Trije Yn Ien. Oant 1991 hie it doarp in eigen skoalle. Dy fusearre doe mei dy fan Ferwâlde. Dy skoalle, De Finne, moast lykwols yn 2016 sels ek slute, omreden te min learlingen.
Befolking
Strjitten
- Angterperleane
- Boerestreek
- Buorren
- De Greide
- Marwei
- Sielânsreed
- Seedyk
- Sandlân
Ferskaat
- Yn de winter fan 2009-2010 wiene der by Gaast iisskossen fan wol 6 meter efter de dyk. Dat luts likernôch 25.000 minsken.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|