Marten Sikkema, pseudonym fan Govert Alettinus Gezelle Meerburg (Utert 10 desimber 1918 — Feandam, 2 maaie 2005) wie in Fryskstalige dichter, skriuwer en oersetter. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er ûnderdûker ûnder de namme Marten Sikkema.
Libben
Hy wie fan 1947—1952 en fan 1955—1960 redakteur fan it literêre moanneblêd De Tsjerne en fan 1958—1960 fan it Frysk kultureel moanneblêd De Strikel. Fan dy lêste wie hy ek mei-oprjochter. Yn 1952 waard er fan 't bêd reage troch de Binnenlânske Feilichheidstsjinst BVD yn ferbân mei de rebûlje yn Ljouwert it jier dêrfoar (Kneppelfreed).
Op 13 oktober 1961 krige Sikkema yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar poëzij foar in boek, yn it Frysk en it Nederlânsk, oer syn freon de keunstskilder Meinte Walta.
Koarte ferhalen
Sikkema publisearre yn ferskillende tydskriften koarte ferhalen, dêr't in oantal fan bondele waard:
- De slach forlern (1954)
- De grize oer de grouwe (1958).
Dichtbondels
- Stjerrerein (1946)
- Swart en Wyt (1946)
- Skaedbylden (1951)
- Seinen (1959).
Oersettingen
Poëzij
- Út it Sweedsk: Noarderljocht (1953)
- Út it Noarsk: yn it tydskrift De Tsjerne (1956)
- Út it Sineesk: 'De jaden fluit' (1969) (spesjaal nûmer fan it tydskrift De Strikel)
- út it Ingelsk: The Ballad of Reading Gaol fan Oscar Wilde (1953)
- út it Frânsk: û.o. François Villon (sân balladen), Charles d'Orléans, Charles Baudelaire en Jean Moréas
- út it Dútsk: û.o. Rainer Maria Rilke, Georg Heym, Jakob van Hoddis en in soad fan Erich Fried
- út it Oekraynsk: Lesja Oekrajinka en Vasyl Symonenko
- oare oersettingen yn ferskate blêden.
Romans
- Út it Sweedsk: de roman Mälarpirater fan Sigfrid Siwerts (Marpiraten, 1955).
Toanielstikken
- Schiller: Wilhelm Tell
- K. en J. Čapek: Adam de Skepper
- Arthur Miller: De dea fan in hannelsreiziger
- M. Pagnol: De prinsesse fan de boarnen
- Kaj Munk: It Wurd
- William Somerset Maugham: Hillige gloede.
Berneboeken
Grinzersk: in berneboek op rym fan Gré van der Veen mei printen fan Geert Schroeder: Fan Slynmarta en Tisdernet (1987).