Fuotbal is in balsport. It is in doelsport dêr't twa partoeren fan alve spilers besykje om de bal yn it doel fan de tsjinstander te spyljen. Sy meie dêrby de hannen en earms net brûke (de holle wol, it saneamde 'koppen'), sadat de bal meast troch skoppen fan spiler ta spiler trochjûn wurdt, en ek sa yn it doel spile wurdt. Foar it doel stiet de doelman, dy't om de bal bûten te hâlden wol de hannen brûke mei. Fuotbal wurdt spile op in fjild fan likernôch 100 by 65 meter, mei de doelen oan de koarte siden. Der wurdt spile foar twaris 45 minuten.
Fuotbal is yn Nederlân yntrodusearre troch Pim Mulier. Yn 1879 seach Mulier by de yn Britske sporten spesjalisearre saak de Gruyter yn Amsterdam in learen rugbybal, dy't er fuort kocht. Yn datselde jier rjochte hy as 14-jierrige(!) de earste fuotbalklup fan Nederlân op. De klup, Haarlemsche Football Club, HFC bestiet noch altyd, tsjintwurdich mei it predikaat Keninklik, KHFC. Al yn de begjinjierren wie HFC in grut sukses, mar klachten fan âlders oer it rûge rugby, soargen der foar dat de klup oerskeakele op soccer, it hjoeddeiske fuotbal. Mei troch Muliers ynfloed ûntstiene yn de regio en ek dêrbûten, nije fuotbalclubs dy't al gauëftich yn kompetysjeferbân tsjin inoar spilen.
Al gaueftich kaam der ek ynternasjonale kompetysje. Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip hâlden. Sûnt 1960 wurde om de fjouwer jier de Europeeske fuotbal kampioenskippen hâlden.
Sjoch ek
- Sealfuotbal
- Minifuotbal
- Mikrofuotbal