Fuotbalferiening SCS (Sport Club Smallingerland) wie in fuotbalferiening út Drachten dy't spile op de fjilden oan de Overstesingel.
Skiednis
It idee om in nije feriening op te rjochtsjen ûntstie yn de kantine fan Fuotbalferiening Drachten. Nei ûnfrede oer it feit dat der gjin gehoar jûn waard oan inisjativen fan legere alvetallen, groeide stadichoan it idee om in nije feriening op te rjochtsjen. De klup waard offisjeel oprjochte op 25 maart 1989. Der koe spile wurde op it terrein fan it destiidske Maartenswouden, it lettere Talant. It tenu bestie út in blau shirt mei in wite broek en blauwe sportsokken.
Doe 't der om 2006 nije ûntwikkelingen kamen foar dit gebiet (nijbou huzen en kantoaren) moast der in nije oplossing socht wurde. Underdak fine op lokaasjes by oare ferienings slagge net. It lêste seizoen koe SCS spylje op it wikselfjild oan de Sportleane yn Drachten. Omdat dit fjild formeel net foldie oan de ôfmjittingseasken fan de KNVB koe der mei dispensaasje fan it bûn hjir noch ien jier spile wurde. Oerlis mei gemeente Smellingerlân en Talant levere gjin goede oplossing. Yn in Algemiene Ledegearkomst waard yn 2007 besletten om te stopjen mei it fjildfuotbal. SCS hold op 27 juny 2007 offisjeel op te bestean.
De besteande sealôfdieling gie troch ûnder in nije namme Futsal Dragten. De sealfuotbalklup hat wyls 8 heare- en ien damesteam dy 't yn ferskate kompetysjes spylje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |