Fuotbalferiening De Rottefalle spilet op de fjilden fan Sportpark “it Hagehiem” oan de Efterwei yn De Rottefalle. De klup hat sa'n 200 leden (2008) en is oprjochte op 23 maaie 1973.
It earste alvetal spilet yn de 3e klasse KNVB. Klupblêd Oan 'e foet ferskynt fjouwer kear jiers.
- Tenu: blau-swarte banen, swarte broek en swarte sokken
Earelist
- Kampioenskippen
- KNVB 4e klasse: 2003
- KNVB 6e klasse: 1998
- FVB 2e klasse: 1989
- Promoasjes
- út de 4e klasse: 2008, 2011
- út de 5e klasse: 2002
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.