Fuotbalferiening De Kooi wie in fuotbalferiening fan De Jouwer dy't bestie fan 1920 oant 1965.[1]
De Kooi waard oprjochte op 20 maart 1922. De namme is ûntliend oan it gebiet dat rjochting de Wâldfinnen lei. Neist de Kooi waard yn april 1927 op De Jouwer noch in twadde fuotbalferiening oprjochte "Zwaluwen". Dy klup gie al binnen in pear jier op yn De Kooi. De fjilden fan De Kooi leine oan de Hurddraversdyk. By it fuotbalfjild stie in kafee dat ek as kantine brûkt waard.
Yn 1965 fusearre De Kooi mei de roomske fuotbalferiening Friso ta fuotbalferiening SC Joure. De oprjochtingsdatum fan de âldste klup, De Kooi, waard doe as oprjochtingsdatum fan SC Joure oannomd.
By de fúzje op 16 augustus 1965 kaam der in nij tenu.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.