In fuorman (meartal: fuorlju) wie foarhinne in persoan dy't foar syn berop ladingen ferfierde mei in wein, kapwein of karre. Sa'n fiertúch waard yn 'e regel lutsen troch hynders, mar soms ek wol troch mûldieren of oksen. Hjoed oan 'e dei komt soks net mear foar, alteast net beropsmjittich, mar oant healwei de tweintichste iuw wie it in tige algemien ferskynsel. In bedriuw fan in fuorman hiet in fuormanderij. Menners dy't gjin ladingen, mar persoanen ferfierden, waarden ornaris gjin fuorlju neamd, mar koetsiers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.