Fungus | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
sjenre | Folk, Pop | |
bestean | 1972 - 1979 | |
label(s) | Negram, Universe | |
âld-leden | Bob Dekenga akkordeon & toetsen (1972-1976) Kees Maat sang & toetsen (1972-1974), Sido Martens gitaar & sang (1973-1975), Louis Debij drums (1974-1978), Arie van der Graaf gitaar (1977) | |
leden | ||
Sang & Gitaar | Fred Piek | |
Gitaar | Rens van der Zalm | |
Bas | Koos Pakvis |
Fungus wie in Nederlânske Folkband oprjochte yn Flaardingen en wie aktyf tusken 1972 en 1979. De band brocht yn 1974 syn debútalbum Fungus út. Hoewol't de band folk muzyk spile seagen de bandleden de band sels dochs foaral as popgroep. Fungus hat fiif studio-albums útbrocht.
Skiednis
Yn 1972 waard Fungus te Flaardingen oprjochte troch Fred Piek en Bob Dekenga, en justjes letter oanfolle mei Kees Maat. Yn 1973 kamen Sido Martens en Koos Pakvis de band fersterkjen, wylst toetsenist Dekenga de groep ferliet. Ynearsten spile de groep Angelsaksyske folk, Mar nei't Piek him ferdjippe hie yn de thúsopnamen fan fjildwurker Ate Doornbosch, gearstaller fan it NOS radioprogramma Onder de Groene Linde, waard yn 1974 in earste album útbrocht mei foar de helte Ingelske en foar de helte Nederlânske tradisjonele muzyk. Yn 1974 kaam drummer Louis Debij by de groep, en kearde Dekenga werom as ferfanger fan Maat, om yn 1976 de groep definityf te ferlitten. Yn 1975 hie Martens de groep al ferlitten en wie ferfongen troch Rens van der Zalm. It twadde album (1975) en tredde album (1976) fan Fungus befettet allinnich mar Nederlânske tradisjonele muzyk, mar it fjirde album (1977) befettet inkeld Britske tradisjonele muzyk. Nei't drummer Debij Fungus ferlitten hie yn 1978, wiene allinnich Piek, Pakvis en Van der Zalm noch oer, en waard ein dat jier besletten de band op te heffen. Yn 1979 kaam noch in sechsde album út, dat foar de helte Ingelske en foar de helte Nederlânske tradisjonele muzyk befettet. Yn 1984 wie der noch in ienmalich reünykonsert en yn 2000 ferskynde der noch in Kompilaasje-album. Yn in nije besetting joech Fungus sels wer inkelde konserten. Fan de orizjinele besetting wiene yn alle gefallen Fred Piek, Sido Martens en Louis Debij fan de partij.
Diskografy
Studio-albums
Album | Utbrocht yn | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Fungus | 1974 | Negram | Farewell To Tarwathie, Kaap'ren Varen |
Lief Ende Leid | 1975 | Een Boer Ging Naar De Wei | |
Van de Kiel naar Vlaring | 1976 | Het Haagse Garnalenmeisje | |
Mushrooms | 1977 | Fiddler John | |
De kaarten zijn geschud | 1979 | Universe | De Moord Te Raamsdonkveer |
Kompilaasje-album
Album | Utbrocht yn |
---|---|
The Fungus Collection | 2000 |
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|