Fulda
Polityk
LânDútslân
DielsteatHessen
LandkreisFulda
BoargemasterGerhard Möller (CDU)
Sifers
Ynwennertal64.249 (2011)
Oerflak104,04 km²
Befolkingsticht.617 / km²
Hichte261 m
Oar
Stifting744
Postkoade36001–36043
TiidsôneCET (UTC+1)
Simmertiid(UTC+2)
Offisjele webside
www.fulda.de

Fulda is in stêd yn it easten fan de Dútske dielsteat Hessen oan de rivier de Fulda tusken de bergen Vogelsberg en Rhön.

Skiednis

Fulda ûntstie yn 744 by it fanwege Bonifatius troch Sturmius stichte benediktiner kleaster. De bysetting fan de ûnder Dokkum deadiene biskop yn de abdij fan Fulda makke fan de stêd in wichtich beafeartplak. Yn dy snuorje waard ek de romaanske Michaelstsjerke (818-822) set, ien fan de âldste tsjerken yn Dútslân. Bonifatius' reliken wurde bewarre yn de krypt ûnder de dom, dy't letter boud is.

Fulda rekke swier skansearre ûnder de Tritichjierrige Oarloch, mar yn de 18e iuw belibbe de stêd in nije bloeitiid, dy't de stêd fan no har barokke foarkommen joech. De dom (1704-1712) datearret út dat tiidrek, lykas ek it stedspaleis en de oranzjery. Yn dy tiid hie Fulda ek in universiteit, dy't oant 1805 bestien hat. It prinsbisdom Fulda waard yn 1803 sekularisearre ta foarstendom en oan Willem Frederik fan Oranje-Nassau (de lettere kening Willem I) tawiisd, mar waard him al yn 1806 wer ôfnaam. Yn 1866 waard it anneksearre troch Prusen.

Under Fulda rint in east-west korridor fan leechlân tusken de Hohe Rhön en it Knüllberchtme: de Fulda Gap ('gat fan Fulda'). Napoleon erkende it strategysk belang fan de korridôr al, mar yn de Kâlde Kriich waard it belang aktueel om reden fan it tichtby lizzende Izeren Gerdyn. Troch de korridor koe it Warsjaupakt nei Frankfurt optsjen, of koe de NAFO nei de súdlike East-Dútske yndustrykriten. Dat beide, de NAFO en it Warsjaupakt hienen dêr sterke legerienheden.

Stedsdielen Fulda

  • Bernhards
  • Besges
  • Bronnzell (mei Ziegel)
  • Dietershan
  • Edelzell
  • Gläserzell
  • Haimbach
  • Hamerz
  • Istergiesel
  • Johannesberg
  • Kämmerzell
  • Kohlhaus
  • Lehnerz
  • Lüdermünd
  • Maberzell (mei Trätzhof)
  • Malkes
  • Mittelrode
  • Niederrode
  • Niesig
  • Oberrode
  • Rodges
  • Sickels
  • Zell
  • Zirkenbach

Dielen fan de Kernstadt

  • Aschenberg
  • Frauenberg
  • Galerie
  • Horas
  • Innenstadt
  • Neuenberg
  • Nordend
  • Ostend
  • Südend
  • Westend
  • Ziehers Nord
  • Ziehers Süd

Stedsbyld

Berne yn Fulda

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.