De Fryske diaspora is de diaspora fan 'e Westerlauwerske Friezen dy't sûnt de njoggentjinde iuw troch fêstiging om utens en emigraasje nei oare lannen ûntstien is. Sokke lju tsjogge hjoed oan 'e dei benammen út Fryslân wei foar heger ûnderwiis of op 'e siik nei wurk of bettere wurkomstannichheden (bgl. om frijer buorkje te kinnen). Foarhinne spilen earmoede en religieuze omtinkens faak in wichtige rol. De grutste dielen fan 'e Fryske diaspora binne te finen yn 'e rest fan Nederlân, en fierders yn Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en de Feriene Steaten.
Fêstiging yn oare dielen fan Nederlân
Fryslân hat in negatyf migraasjesaldo foar de rest fan Nederlân oer, wat sizze wol dat der jiers mear lju út Fryslân wei geane om harren om utens yn oare dielen fan Nederlân te fêstigjen, as dat der út oare dielen fan Nederlân nei Fryslân ta komme.[1] Dat is al hiel lang sa. Tusken 1870 en 1900 fêstigen har bygelyks yn Amsterdam 65.000 lju út oare dielen fan Nederlân. Dêrfan kaam 13% út Fryslân, wat delkomt op 8.450 minsken.[2] Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw rekke Fryslân sûnt 1965 per saldo 25.000 ynwenners kwyt dy't har yn oare dielen fan Nederlân fêstigen, benammen yn 'e Rânestêd. Allinnich yn 'e 1970-er jierren waard dat patroan trochbrutsen, doe't de provinsje ferskate jierren efterinoar in migraasje-oerskot hie fan sa'n 2.000 minsken.[3] De lju dy't út Fryslân weigeane, hearre oer it algemien ta de jongerein út 'e leeftydskategory fan 15 oant 25 jier, dy't fuorttsjocht om in stúdzje te folgjen en/of om wurk te finen.[4] Om 'e Friezen bûten Fryslân te betsjinjen op it mêd fan Fryske taal en kultuer waard yn 1923 it Frysk Boun om Utens oprjochte.[5]
Emigraasje
Njoggentjinde iuw
De ierste neamenswurdige emigraasje fan Westerlauwerske Friezen nei Noard-Amearika sette útein omtrint 1845.[6] Redens om it heitelân te ferlitten wiene doedestiden ekonomysk, polityk en religieus. Op ekonomysk mêd spilen benammen earmoede, de oanhâldende jirpelsykte en de groeiende belestingdruk yn Nederlân in rol. Polityk sjoen, wiene der beswieren tsjin it sintralistyske belied fan kening Willem I. Oanhingers fan 'e Ofskieding fan 1834, dy't har yn Nederlân eftersteld fielden, hiene fierders in bykommende reden om har heil earnewêr oars te sykjen.[7]
Nei 1853 naam de emigraasje in skoftlang sterk ôf, om ûnder de Lânboukrisis fan 'e 1880-er jierren ta gruttere hichte ta te nimmen as ea tefoarren.[8] Op 'e Klaai teach tusken 1880 en 1914 út guon plakken 25% fan 'e ynwenners nei it bûtenlân, yn totaal likernôch 10.000 minsken.[9] Dy giene net inkeld nei de Feriene Steaten en Kanada, lykas earder, mar rjochten har ek op lannen yn Súd-Amearika, lykas Brazylje en Argentynje.[10] Tsjin dy tiid begûn de migraasjetradysje op himsels al in reden foar emigraasje te wurden: in diel fan 'e lânferhuzers sette ôf mei as doel om oansluting te sykjen by al besteande migrantemienskippen.[11]
De Fryske emigraasje gie faak yn groepen.[12] Sa stifte yn 1847 in groep ôfskiedenen út noardlik Fryslân ûnder lieding fan dû. Marten Annes Ypma fan Hallum yn 'e Amerikaanske steat Michigan it doarp Vriesland,[13] wylst oaren, út noardeastlik Fryslân, in buorskip stiften yn 'e neite fan Pella (Iowa), dêr't letter de dochterkoloanje Orange City (Iowa) út fuortkaam.[14] Yn 1849 fêstige in groep Dongeradielsters, wêrûnder Worp van Peyma, him by Lancaster (New York),[15] wylst datselde jiers lju út Kimswert en omkriten, ûnder lieding fan Oepke Haitzes Bonnema, yn Wiskonsin it doarp Frisia stiften, deunby La Crosse.[16] En yn 1853 sette in groep Balkster minnisten, oanfierd troch de lekeprekers Ruurd Siemensma en Ruurd Smid, har nei wenjen setten by New Paris (Indiana).[17] Dêrwei waard letter de fêstiging fan in nije delsetting fan Súdwesthoeksters oan 'e rivier de Sacramento yn Kalifornje organisearre.[18]
Fan 'e emigraasjebestimmings út waarden troch de jierren hinne grutte oantallen brieven werom nei Fryslân stjoerd, wêryn't heech opjûn waard fan it nije lân. Om't de brieven út 'e Feriene Steaten fral ek de kwantiteit fan it fleis oanhellen, waarden sokke epistels wol 'spekbrieven' neamd.[19] Yn it heitelân waarden de skriuwsels fan emigranten troch skipfeartmaatskippijen en reisagintskippen by wize fan promoasjemateriaal publisearre yn 'e kranten. Dat makke dat sokke brieven lange tiid it Amearikabyld bepaalden dat yn Fryslân libbe.[20] It grutste part fan 'e emigranten bestie út gesinnen mei trije of fjouwer bern, wêrfan't de âlden in jier as fjirtich en ornaris ambachtslju of boere-arbeiders wiene.[21]
Tweintichste iuw
Yn it Ynterbellum fûn der út Fryslân wei frijwol gjin emigraasje plak.[22] Dat feroare nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't der in nije migraasjeweach op gong kaam dy't oant de 1970-er jierren duorje soe. Dêrby ferfearen Friezen benammen nei Kanada, Nij-Seelân, Austraalje en de Feriene Steaten.[23] De redens foar lânferhuzing wiene diskear in miks fan ekonomyske faktoaren mei dêropta de ûnder de Kâlde Oarloch hearskjende eangstme foar de útbraak fan in Tredde Wrâldoarloch mei de Sovjet-Uny, wêrby't Fryslân, sa freze men, lyk yn 'e fjoerliny komme soe te lizzen.[24] De measte emigranten fan dizze weach ferlieten Fryslân yn 'e jierren tusken 1948 en 1954. Dêrnei naam de emigraasje út Fryslân wei stadichoan fierder ôf, oant er tsjin 1970 sa goed as nihyl wie.[25]
Hoewol't hiel Nederlân by dizze emigraasjeweach belutsen wie, hie Fryslân der in ûnevenredich grut oandiel yn.[26] Sa levere Fryslân yn 'e jierren 1951-1952 mei 4,5% fan 'e Nederlânske befolking 7% fan 'e lânferhuzers. Yn 'e perioade 1948-1954 ferfearen (nei ferrekkening mei de rûchwei 1% fan lju dy't weromkearde) yn totaal 17.677 Friezen nei it bûtenlân. Dêrfan gie 69,4% nei Kanada; 14,1% nei Austraalje en Nij-Seelân; 13,8% nei de Feriene Steaten; en 2,7% nei Afrika (benammen Súd-Afrika).[27] Ta ferliking: út Nederlân as gehiel gie yn dyselde perioade 38% nei Kanada, 31% nei Austraalje en Nij-Seelân en 11,5% nei de Feriene Steaten.[28] Mooglik hâldt de ferskil ferbân mei it feit dat 44% fan 'e Fryske (tsjin mar 14,5% fan 'e Nederlânske) lânferhuzers út dy perioade yn 'e agraryske sektor wurksum wie.[29]
As etnyske groep ûnderskaten de Westerlauwerske Friezen har yn 'e fêstigingslannen fan oare ymmigranten troch trijetalichheid. Yn húslik fermidden waard Frysk sprutsen, yn 'e bredere emigrantemienskip (skoallen, tsjerken en it ferieningslibben) Nederlânsk, en dêrbûten Ingelsk.[30] De Friezen rjochten fierders eigen selskippen op, om útdrukking te jaan oan 'e Fryske kultuer. Dêrby kin men tinke oan Frysktalich toaniel en keatsferienings.[31] De Frysk taal hanthavene him mank de emigranten twa oant soms trije generaasjes lang. Yn 'e regel wie it sa dat de earste generaasje Frysktalich wie, wylst de twadde it inkeld yn 'e hûs spriek, mei de âlden, en de trêde generaasje Ingelsktalich wie mar it Frysk faak noch wol ferstean koe en faak in pear wurden of sinnen út 'e holle leard hie.[32]
Oantallen
Der binne net in soad sifers oer de diaspora fan 'e Westerlauwerske Friezen foarhâns. As men lykwols rekkenet dat der tusken 1880 en 1960 allinnich al goed 254.000 minsken Fryslân ferlieten,[33] dan kin men wol fan tinken hawwe dat it om grutte oantallen gean moat. Boppedat moat net fergetten wurde dat it net inkeld giet om 'e lânferhuzers sels, mar ek om 'e neiteam dy't hja yn 'e fêstigingslannen krigen hawwe. Dan riist lykwols al de fraach wa't men ûnder de Fryske diaspora rekkenje moat. Dêrfoar besteane ferskate mooglikheden:
- Frysk- en Stedsktaligen bûten Fryslân;
- al dyjingen dy't harsels ta de Westerlauwersk Fryske etnisiteit rekkenje;
- eltsenien mei Westerlauwersk Fryske foarâlden.
Op it mêd fan 'e earste, meast beheinde definysje, waard yn 2003 rûsd dat der yn 'e rest fan Nederlân sa'n 150.000 Frysk- en Stedsktaligen wennen, benammentlik yn 'e Rânestêd, de stêd Grins en yn 'e Noardeastpolder. Foar de diaspora bûten Nederlân (likernôch 80.000 oant 100.000 minsken) waarden de folgjende oantallen oanholden: Kanada likernôch 30.000, de Feriene Steaten likernôch 25.000, Austraalje likernôch 17.000, Nij-Seelân likernôch 12.000 en de rest fan 'e wrâld likernôch 16.000.[boarne nedich]
Noch wat oare sifers:
- Yn 1970 skreau Liuwe Bouma dat tusken 1880 en 1900 sa'n 100.000 Friezen út 'e provinsje Fryslân wei ferfearen nei oare dielen fan Nederlân, tusken 1945 en 1970 nochris 100.000, en yn 'e perioade dêrtuskenyn ek noch frijwat.[34] It wiene meast boere-arbeiders en ek (lytse) boeren (gerniers en komelkers). Wat der yn dyselde tiid fan earne-oars yn Fryslân ynkaam wiene meast amtners en yndustrykrêften. Bouma helle ek oan dat 30% fan 'e berte-Friezen yn 1947 om utens wenne.[35]
- Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 103.125 minsken yn 'e Feriene Steaten dy't op it folkstellingsformulier ynfollen dat se Fryske foarâlden hiene.[36] Tink derom dat dêrby gjin ûnderskie makke waard tusken Westerlauwerske Friezen, Eastfriezen en Noardfriezen.
- By de Poalske folkstelling fan 2002 joegen 109 persoanen oan dat se de Fryske etnisiteit hiene. Dêrûnder wiene 34 Poalske steatsboargers. It kin dêrby gean om ôfstammelingen fan 'e minnisten út 'e Nederlannen dy't har yn 'e sechstjinde iuw yn Poalen nei wenjen setten.
- By it festival Simmer 2000, dat organisearre wie as in grutte reüny foar Friezen om utens, waard Fryslân besocht troch 60.000 Friezen út 'e rest fan Nederlân, en 6.000 Fryske emigranten.[37]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|