Sleat
Drylts
Hylpen

Der binne fan âlds alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. De measte dêrfan binne ûntstien, net troch't se stêdsrjochten fan in hear krigen, mar trochdat it omlizzende lân harren as stêden erkend hat. Meidat de measte hannel earder mei it westen plakfûn en dêr ek de bêste ferbiningen mei see wiene, lizze de measte stêden yn it westen fan de provinsje; mar twa lizze eastlik fan de eardere Middelsee (boarne?).

Stedsfrysk

Yn sân fan de alve stêden wurdt neist it Frysk in eigen dialekt sprutsen, nammentlik it Stedsk. Dizze sân dialekten binne:

Alvestêdetochten

As it sterk iis is, wurdt winters de ferneamde Alvestêdetocht op redens hâlden. Dêrneist wurdt de Alvestêdetocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein, de Kuier- en Fyts-alvestêdetochten binne dêr de bekendste fan.

Alve stêden

De stêden fan it kertier:

NammeGemeenteYnwennersStêdsrjochten
LjouwertLjouwert94.4141285 (as Nijehou; foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde
1435 (as Ljouwert)
SnitsSúdwest-Fryslân32.1601456 (offisjeel; yn de 13e iuw al inkele stêdsrjochten)
DryltsSúdwest-Fryslân3.2201268
SleatDe Fryske Marren7401426 (foar it earst neamd as stêd yn in oarkonde)
StarumSúdwest-Fryslân9101118
HylpenSúdwest-Fryslân8701225 (nei alle gedachten)
WarkumSúdwest-Fryslân3.8101399
BoalsertSúdwest-Fryslân9.3201455
HarnsHarns15.0001234
FrjentsjerDe Waadhoeke12.9951374
DokkumNoardeast-Fryslân13.1601298
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.