De Fryske wetterliny is in line fan 16e en 17e-iuwske ferdigeningsskânsen en wetters, dy't dwers troch it súdeasten fan Fryslân oan De Lemmer ta rinne. Fan dy wetterliny wie it earste part de Linde mei byhearrende lannen (oant Aldeberkeap), it twadde diel wie de Tsjonger mei byhearrende lannen en de tredde rûn fan De Lemmer nei Aldskou. De Fryske Wetterliny stie yn ferbining mei de Grinzer Wetterliny, dy't oan Delfsyl ta rûn.
De skânsen binne bot fertuteaze. Lânskipsbehear Fryslân wol de stik of tsien skânsen opknappe. Yn 2007 waard yn Aldeberkeap de earste opknapte skâns iepene: de Bekhofskâns.[1][2]
Skânsen
- Kúnderskans, De Kúnder
- Skâns, Slikenboarch
- Blessebrêgeskâns, tusken Wolvegea en De Blesse
- Bekhofskâns, Aldeberkeap
- Tolbrêgeskâns, oan de Tsjonger by de Brêgeloane (noard fan de eartiidske Tolbrêge, eastlikke kant fan de Berkeaper wei), Aldhoarne
- Skâns, Makkingea
- Breeberchskâns, Waskemar
- Swartedyksterskâns, Een yn Drinte. Yn eigendom fan de Stichting Het Drentse Landschap
- Skâns, Fryske Peallen
- Skâns, Bakkefean
Oare wetterlinys
- Grebbeliny
- Grinzer Wetterliny
- Alde Hollânske Wetterliny
- Nije Hollânske Wetterliny
- Iselliny
- West-Brabantske wetterliny
- Stelling fan Amsterdam
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.