Fryske Maatskippij fan Lânbou
Friese Maatschappij van Landbouw
algemiene ynformaasje
ôfkoartingFryske Mij
nasjonaliteit Nederlânsk
type org.feriening
wurkmêdlânbou yn Fryslân
haadkertierLjouwert
oprjochte1852
opdoekt1991
opgien ynFLTO
orgaanFrysk Lânboublêd
tal leden10.000 (1950-er jierren)
offisjele webside
n.f.t.

De Fryske Maatskippij fan Lânbou (Nederlânsk en offisjeel: Friese Maatschappij van Landbouw), ornaris de Fryske Mij neamd, wie in boerestânorganisaasje yn Fryslân. Dizze organisaasje waard oprjochte op 30 jannewaris 1852 en wie oansluten by it Keninklik Nederlânsk Lânboukommitee. De Fryske Mij hie yn de fyftiger jierren sa'n 10.000 leden, 54 ôfdielings, seis ûnderôfdielings en acht lid-ferienings. Yn 1991 gie de organisaasje op yn 'e FLTO.

Skiednis

Sûnt de Bataafske Republyk bestie yn elk gewest in Rykskommisje fan Lânbou, dy't yn 1850 ûntbûn waarden by Keninklik beslút. It provinsjaal bestjoer fan Fryslân stelde doe in provinsjale Kommisje fan Lânbou yn om de mooglikheden fan in Maatskippij fan Lânbou te besjen. In yn 1834 ûnder lieding fan Vitringa Coulon, dokter yn Ljouwert, stifte Vriesch genootschap fan proefûnderfynlike lânbou wie troch gebrek oan belangstelling beswykt. De Maatskippij fan Lânbou is der dochs komd. U.H. Wielinga Huber, âld-riedshear fan it Hof fan Fryslân waard foarsitter fan de kommisje en siet as sadanich ek de Fryske Mij foar. De kommisje is yn 1867 opheft. De Fryske Maatskippij fan Lânbou wol lânbou en feehâlderij omheech bringe en dêrta 'de kennis fan de lânhúshâldkunde mear algemien ferspriede en de beproefde en wolslagge ferbetterings bekendmeitsje en besykje yn te fieren'.

Yn 1852 wie 50% fan de leden (meast grutte) boeren, 20% lâneigeners en 30% oare belangstellenden. Stadichoan waard it 'heare'-tal minder en groeide it tal boeren. Inkele saneamde 'praktyske boerebûnen' dy't troch de gearstalling de Fryske Mij ûngeskikt achten om as boerefakorganisaasje op te treden, wiene oanlieding ta de reorganisaasje fan 1919 wêrby't de Fryske Maatskippij fan Lânbou in organisaasje fan allinnich boeren waard en de leden mear ynfloed krigen. Ferienings op lânbougebiet koenen lid-feriening wurde. Dit dienen de grutste koöperaasjes (yn 1950 betanken in pear) en it Frysk Rundfee Stamboek. Tentoanstellings wienen earst haadsaak yn it wurk, de earste, troch it Haadbestjoer ynrjochte, wie op 29 en 30 juny 1855. Ek de ôfdielings eksposearren en de Fryske Maatskippij fan Lânbou stimulearre it ynstjoeren fan Fryske produkten en Frysk fee op bûtenlânske tentoanstellings. Der wie fuort ek omtinken foar bettere wetterlossing fan de Fryske boezem.

De Fryske Mij befoardere:

  • organisaasje: Frysk Rundfee Stamboek, Frysk Hynste Stamboek, Geitefokferienings, Bargestamboek en Ymkersbûn.
  • beskerming fan it feebeslach troch syktebestriding (longsykte, keallesykte neffens metoade Poels, feearts yn Rotterdam)';
  • effisjinte bedriuwsfiering troch propaganda foar meganisaasje (de Fryske Mij hie in skoft in eigen masine foar demonstraasje), feefoerwinning op it eigen bedriuw, bygelyks it ynkûljen fan gers.
  • better produkt troch foarljochting oer dongjen , melkerskursussen, (hân- en masinemelken), molkeûndersyk, útbetelling nefefns fetgehalte, keuring fan gewaaksen (earst troch de Fryske Mij sels, dan troch de Keuringstsjinst Fryslân) bûterkontrolestasjon (1901), kweekfjilden (dêr't ûnder oare it Bintsje ûntstien is), 1920 yn Ingelum en sûnt 1962 op Ropta ûnder Mitselwier.
  • ûnderwiis troch Suvelskoalle Boalsert (16 desimber 1887) (al yn 1878 in suvelstúdzjekommisje nei Denemark); oplieding lânbouûnderwizers oan ferskillende HBS'en yn Fryslân (1875) en Rykslânbouwinterskoallen (Ljouwert 1897), kursussen, yn de jierren fyftich in soad ark- en reaukursussen. Konsulinten hienen dêrby in opfiedende taak. Sa hie de Fryske Mij yn 1881-1882 in suvelynstrukteur dy't de boeren thús advys joech; Om 1890 hinne kaam der in suvelkonsulint, yn 1918 it konsulintskip foar de planteferedeling, fierders in ekonomysk konsulint. Ek it foarbyldbedriuw yn Tronde jout praktysk ûnderwiis, lykas de proefbuorkerij Wielsicht yn Ryptsjerk en it fermearderingsbedriuw yn Easterwâlde. Dizze bedriuwen ferskaffe tagelyk gegevens op alle terreinen dy't dan wer mienguod makke wurde moatte.
  • sosjaal rjocht troch bygelyks in aksje nei 1882 tsjin strykjild by iepenbiere ferpachtingen. Tsjin 1890 kaam der in pachtkommisje om yn twifelgefallen stikken lân te taksearjen. Letter in pachtburo dat út likefolle pachters as ferpachters bestie, dat by skeel yn pachtsaken besliste, holpen troch hast 100 lokale deskundigen. As wurkjouwersorganisaasje wurke de Fryske Mij mei oan kollektive arbeidskontrakten.
  • gearwurking troch lânboukoöperaasjes, benammen oankeapkoöperaasjes en kredytwêzen (bgl. boerelienbanken) en sintraal buro Rotterdam, FCE yn Akkrum, wolsintrale, fersekeringen (tsjin sykte fan fee en ûngelokken fan personiel).

Sa hat de Fryske Mij altiten út de praktyk by de oerheid oanstien op ferskate foarsjennings, dy 't men geandewei as oerheidstaak sjen gie, en fakentiden earst sels it wurk oanpakte. Plannen foar in Lânbouskip hienen net genôch draachflak. Men wie bang dat it 'fan-boppe-ôf' net akkordearre mei it 'fan-ûnder-op' dat de Fryske Mij grut makke hie. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der in fúzje mei it Fryske Nederlânsk Túnkersbûn en it gewest Fryslân fan it Bûn fan Lytse Boeren. De Fryske Maatskippij fan Lânbou krige in eigen buro ûnder lieding fan de sekretaris-ponghâlder mei twa adjunkt-sekretarissen, in orgaan, it Frysk Lânboublêd, en in ien kear yn de moanne ferskinend Frysk Túnboublêd. Ek wie der in proefbedriuw foar feehâlderij, Wielsicht ('Wielzicht') yn Ryptsjerk, en in kweekbedriuw foar lânbougewaaksen, 'Ropta' yn Mitselwier. As wurkjouwersorganisaasje hold de Fryske Mij him ek dwaande mei CAO-ûnderhannelings. Foar de leden waarden gauris inisjativen nommen ta de oprjochting fan koöperaasjes. Yn 1991 gie de Fryske Mij op yn 'e Fryske Lân- en Túnbou Organisaasje (FLTO).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.