It Bûn fan Kiesferienings op Kristlik-Histoaryske Grûnslach yn de provinsje Fryslân, koartwei it Frysk Bûn, wie in politike partij dy’t opkaam foar it protestantske karakter fan de Nederlânske naasje en wiisde in neutrale steat ôf. It Frysk Bûn wie net allinnich yn Fryslân aktyf. Ek yn ûnder oare Súd-Hollân hie de bûn ôfdielings.
Skiednis
De partij waard op 24 maart 1898 yn Ljouwert stifte troch de dûmny Philippus Jacobus Hoedemaker. It bûn wie ien fan de talrike politike partijen dy’t yn de jierren ’90 fan de 19e iuw stifte waarden. Dizze partijen waarden stifte tsjin it liederskip en ideology fan Abraham Kuyper, de lieder fan de Anti Revolúsjonêre Partij (ARP). Kuyper hie yn dy tiid in nije politike koers foar it protestantisme yn Nederlân úttocht.
De Fryske Kristlik-Histoarysken kearden harren tsjin de ôfskieding (de doleânsje), fan de grifformearden út de Herfoarme Tsjerke. Dêrneist wienen se, mear noch as oare protestantske partijen, anty-Roomsk. It bûn kearde har dan ek tsjin de gearwurking fan de ARP mei de katoliken.
Mei de ferkiezings fan 1901 wûn it Fryske Bûn ien sit yn foar it parlemint. Dit barde yn it distrikt Harns wêr't dûmny Jan Schokking keazen waard. Yn de ferkiezings fan 1905 wist de partij de sit fêst te hâlden. Yn july 1908 giet it Fryske Bûn tegearre mei de Kristlik Histoaryske Partij (KHP) op yn de nije politike partij Kristlik-Histoaryske Uny (CHU). De besprekkings foar dizze fúzje wienen al yn maaie 1907 begûn.
Begjinsels
It Fryske Bûn wie in konservative protestantske partij. It seach de tsjerke as in troch de oerheid ynstelde godlike ynstelling, dy’t yn har ûntstean en bestean ôfhinklik wie fan de steat. De oerheid moast wol oerienkomstich de Bibelske noarmen optrede. De histoaryske ûntwikkeling hat der ta laat dat Nederlân in protestantske, herfoarme naasje wie. It karakter fan de steat moast neffens it Fryske Bûn bewarre bliuwe. De steat moast dus net neutraal wêze, mar ‘in Steat fan de Bibel’.
De troch Abraham Kuyper oanbrochte skieding tusken de leauwigen en de net-leauwers waard troch it Bûn ôfwêzen.
Namme
De kar foar de lange namme, Bûn fan Kiesferienings op Kristlik-Histoaryske Grûnslach yn de provinsje Fryslân, waard makke om inkele misferstannen te foarkommen. De partij waard net sintraal bestjoerd, it wie in gearwurking fan meardere lokale partijen. De term Kristlik-Histoarysk waard brûkt om oanhingers fan de Anti-Revolúsjonêre Partij fan Kuyper bûten te sluten.
Foarmannen
De foarmannen fan it Frysk Bûn wienen de dûmny’s Jan Schokking en Hoedemaker. It Fryske Bûn wie in prekerspartij, wêrfan Hoedemaker de stifter en inisjatyfnimmer wie. Hoedemaker waard nei syn libben as dûmny, heechlearaar oan de Frije Universiteit. It bûn wie oprjochte rûn in troch himsels lieden wykblêd, ‘De Herfoarme Tsjerke’ neamd.
De ienige fertsjintwurdiger yn de histoarje fan it Frysk Bûn yn it parlemint wie Jan Schokking. Schokking wie predikant yn Koudum. Hy waard keazen yn it distrikt Harns.
Nei de fúzje fan 1908 siet de út it Fryske Bûn ôfkomstige Jan Ankerman yn de Twadde Keamer. Ek hy waard keazen yn it distrikt Harns.