It Frysk manifest fan de Fryske Rie waard oannommen op it 6ste Grutfrysk kongres op 28 augustus 1955 te Auwerk. De Ynterfryske Ferklearring dy't yn 2006 oannommen waard troch de Fryske Rie beropt him op it Frysk manifest.[1]
Eftergrûn
Troch de Twadde Wrâldkriich wie der in ein kommen oan de Ynterfryske kontakten dy't yn 'e jierren '20 en '30 fan de 20 iuw ûntstienen. Fuort nei de Twadde Wrâldkriich waard troch respektearre fersetstriders de tried wer oppakt. Dat late yn 1952 ta in Grutfrysk Kongres yn Hüsem. De winsk om in mienskiplik stânpunt yn te nimmen oer de takomst fan it Fryske folk yn Europa waard yn dy jierren konkreter.
Ynhâld
It manifest pleitet foar gruttere ferbannen oer alle grinzen hinne. Ut in letter perspektyf sjoen wie it manifest syn tiid fier foarút omdat it lang foar de oprjochting fan de Europeeske Uny al pleitet foar mear Europeeske ienwurding. It manifest pleitet foar de Fryske kultuer en dan benammen foar de taal. It fersterkjen fan de Ynterfryske gearwurking, wittenskip, skriftekennisse en alle skeppend stribjen moat neffens it manifest liede ta grutter eare en oansjen fan Fryslân yn ’e wrâld.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |