It Fryske folksliet is it liet De Alde Friezen, skreaun troch Eeltsje Halbertsma, en bewurke troch Jacobus van Loon. De meldije fan it liet is fan "Vom hoh'n Olymp", troch Heinrich Christian Schnoor.
Skiednis
"De Alde Friezen" is in liet skreaun troch Eeltsje Halbertsma (1797-1858) en foar it earst publisearre yn de twadde printinge fan "De Lapekoer fen Gabe Skroor", yn 1829. By de meldije, dy't efteryn it boek opnaam is, stiet gjin komponist, mar it is de meldije fan "Vom hoh'n Olymp" fan Heinrich Christian Schnoor, dat Halbertsma faaks leard hat yn de tiid dat er studint wie yn Heidelberg. De tekst wie ek opnaam yn de earste printinge fan Rimen en Teltsjes, yn 1871. Doe't yn 1875 yn Grou in monumint foar Eeltsje Halbertsma oprjochte waard, waard it liet songen ta syn neitins en dat wie doe as wie dat in folksliet. Op foarspraak fan Pieter Jelles Troelstra is it yndie dat jier noch troch it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse oannaam as Frysk Folksliet.
It liet is yn 1876 opnaam yn de earste printinge fan "It Lieteboek", letter "Frysk Lieteboek". Jacobus fan Loon wie ien fan de redakteuren fan "It Lietboek", en hy brocht it tal fan fersen werom fan sân nei fjouwer. It earste en it lêste fers binne oernaam hast sa't Halbertsma se skreaun hie, mar dêr tuskenyn binne mar twa oare fersen opnaam; oanpaste ferzjes fan it sechde en fyfte fers. It is dizze ferzje dy't al gau populêr wurden is, en no as it Frysk Folksliet beskôge wurdt.
Tekst
Halbertsma/Van Loon
Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
en bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
it Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn! (2x)
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
dy't Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan ... (2x)
Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare,
syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
en twang, fan wa ek, stie it tsjin.
Klink dan ... (2x)
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
wês jimmer op dy âlders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme.
In grien, in krêftich bloeiend leat!Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn! (2x)
Tekst út Rimen en Teltsjes
Halbertsma
Frysk bloed, tsjoch op! Wol nou'ris broeze ind siede,
Ind bonsje throch myn ieren om.
Flean op! Ik sjong it baeste lân fenn' ierde;
It Frysce lân fol ear ind rom.
Klink den, in dawerje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun.
Ompolske fen it heage sâlte wetter,
Forthroppe op ien terp oaf stins,
Hien' d'âlde Friezen yn de wrâld net better.
Hjar lân ind frydom wier hjar winsk.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun.
Frjemd fen it jok fen frjemde hearen,
Faek earm, mar dochs sterk ind fry,
Hoe de âlde Fries stânfaest by syn menearen.
Hy wier ien Fries, ien Fries stoar hy.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun.
Throch waer ind wyn, tsjin need ind dea to striden.
Mei 't gleaune swird yn d'îs'ren hân,
Wier wille yn dy fromme tîden,
Wier 't foár de frydom fen hjar lân.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun.
Fen buwchjen frjemd, ind fy fen ljeawe wirden,
Wier rjocht ind sljocht hjar her tind sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swirden
Soen's' alle thwang ind oerlaest jin.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun.
Sa faek throch stoárm yn djippe sé beditsen,
Oerâlde ljeawe Frysce groun,
Waerd noait dy taye bân forbritsen,
Dy Friezen oan hjar lân forbuwn.
Klink den, ind dawerje fier yn it roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun.
Throchloftich folk fen dizze âlde namme,
Waes jimmer op dy âlders great.
Bljou îwich fen dy grize heage stamme
Ien grien, ien kreftich doerjend leat.
Klink den, ind dawerje fier yn 't roun
Dyn âlde eare, o Frysce groun.
Keppeling om utens
- Partituer mei tekst (Ynternet Argyf, pdf)