It Frysk Sjongers Gala is in muzykfeest dêr't it Fryske liet sintraal stiet. Dit muzykfestival wurdt oan de ein fan it jier holden yn De Lawei yn Drachten. It Gala, dat sûnt 2012 bestiet, wie in inisjatyf fan Piter Wilkens, Griet Wiersma, Anneke Douma en Gurbe Douwstra.[1] It orkest bestiet út Fryske muzikanten, mei in eftergrûnkoar, in strykkwartet en in blazerssseksje. De muzikale lieding is yn hannen fan Peter van der Zwaag. Op it programma steane neist nije lieten ek medleys fan lieten út de ôfrûne desennia. It is in griemmank fan nije arranzjeminten, resint wurk fan singer-songwriters, fleurige stikken en ballads. Mar der binne ek meisjongers, bysûndere duetten en cross-overs. It gala is in mjuks fan omtinken jaan oan jong talint en it nei foaren heljen fan âldere lieten.
Skiednis
- It earste gala waard holden op 21 desimber 2012 yn de lytse seal as mienskiplik barren fan Friesland Pop, De Lawei en it Fries Popnet. Neist it yn it sintsje setten fan Frysk popmuzikanten waard ek de Fryske Poppriis útrikt. Der wiene ek prizen yn de kategoryen 'Bêste band/artyst', 'Bêste urban/dance', 'Song fan it Jier', 'Bêste nijkommer', 'Bêste album', 'Bêste festival/poadium Foreign Media' én de Fryske Poppriis en de Oeuvreprijs. Dat jier treden neist de inisjatyfnimmers op: Luie Hond, Mir, Meindert Talma & the Negroes, Zea, Believeisadoubt, D-A-A-N en Grootmeester Jan. It publyk koe in stim útbringe middels de webside fan it Gala. De winners krigen in jildpriis. De einstân waard foar de helte troch it publyk en de oare helte troch in faksjuery. It publyk koe net stimme op de FM Fryske Poppriis en de Oevrepriis.
- De twadde edysje wie op sneon 16 novimber 2013. Optredende artysten wiene Anneke Douma, Griet Wiersma, Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Tet Rozendal, Gerbrich van Dekken, Jaap Louwes en Marcel Smit.
- By de tredde edysje yn 2014 wûn de Ljouwerter D-A-A-N wol trije prizen, wêrûnder de Publykspriis.[2] De prizen waarden útrikt troch Wiepy Bakker, de winnaressse fan Fryslâns Next Top Model, Wiepy Bakker. Pigmeat krige de Oeuvrepriis útrikt troch Laweidirekteur Stef Avezaat. Fierders wie der in optreden fan Junkie XL ofwol Tom Holkenborg dy't in nominaasje yyn de wacht sleepte foar de prestizjeuze Grammy Award foar in remiks dy't er foar Madonna makke hie. Nei ôfrin fan de jûn wie der in afterparty yn teäterkafee Hopper, dêr't Aart Lus & Ed Lip harren hit Ik Bin Su Eil spilen dêr't se foar dat jier de priis 'Bêste Song fan it Jier' mei wûnen.
- Op 21 novimber 2015 waard de fjirde edysje fan it Frysk Sjongers Gala opnommen yn de Lawei yn Drachten. Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Griet Wiersma en Piter Wilkens hiene ek wer in tal gastsolisten om har hinne sammele sa as Femke Hoeksma bekend fan de band Souldada. Die Twa stie noch ien kear op it poadium, want sy hâlden op mei harren optredens ein 2015. It orkest ûnder lieding fan Peter van der Zwaag waard dit jier fersterke mei it Frysk Jeugd Fanfare Orkest ûnder lieding fan Syde van der Ploeg. It trijetal background vocals bestie út Agnes Sambrink, Elley May en Carin Seegers. De jûn waard presintearre troch Omrop Fryslâns presintatrise Diana de Groot.
- Op it earste jubileumgala (2016) treden neist Anneke, Gryt, Pieter en Gurbe gastoptredens fan Femke Hoekstra, Jaap Louwes, Johannes Rypma. Gerbrich van Dekken en Marcel Smit en it Frysk Jeugd Orkest. It bernekoar fan Akkrum stie ûnder lieding fan Geert van der Zwaag. Fan dizze galajûn waard in CD makke.
- Yn de foargeande jierren waard it Gala útstjoerd troch Omrop Fryslân. Omdat soks yn 2017 net barde, waarden de opnames fan 2017 yn eigen behear op DVD útbrocht. Artysten dy 't meidiene wiene Folkert-Hans Tolsma en Liet-winnares Marit Talens. Fierders ûntfongen Douma, Douwstra, Wiersma en Wilkens Gryts En Grize en Gerrit Breteler. De begelieding waard wer dien troch Peter van der Zwaag. Neist it eftergrûnkoar wie der ek in strykorkestke.
- It Sjongers Gala fan 2018 stiet yn it teken fan Kulturele Haadstêd. Foar it Gala binne artysten útnûge dy't al jierren yn Fryslân wenje en dy't folslein yntegrearre binne yn de Fryske mienskip. Trochdat se harren identiteit meinimme út lannen as Súd-Amearike, Afrika en East-Europaûntstiet in mjuks fan taal en muzyk út oare kultueren.[3]
Diskografy
- Frysk Sjongers Gala 2017 (DVD)
- 5 Jier Frysk Sjongers Gala (CD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|