It Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse (ek wol Selskip 1844 of Ald Selskip neamd) is op 14 septimber 1844 yn Het Gouden Wagentje oan de Nijstêd yn Ljouwert oprjochte troch Harmen Sytstra, Tiede Roelofs Dykstra en Jacobus van Loon. De oanhing bestie meast út middenstânslju, de liberale boargerij en de yntelligintsja fan doarpsdûmnys en skoalmasters. De romantyk oerhearske it tinken fan de measte bewegers fan de earste oere en de wjerslach dêrfan wie werom te finen yn it earste Fryske tydskrift dat troch it Selskip útbrocht waard: Iduna.
It Selskip 1844 rekke hommels troch syn bestjoersleden hinne: Harmen Sytstra en Tiede Dykstra kamen koart efter inoar jong te ferstjerren. Jacobus van Loon naam it foarsitterskip op him mei Gerben Colmjon as skriuwer. Sûnder it duo Sytstra-Dykstra foege it Selskip him nei de liberale geast fan de tiid en wûn oan leden: nei it djiptepunt fan 1852 mei noch mar 122 leden, rûn dat tal op nei 543 yn 1885. Om 1860 wiene Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen útein setten mei harren winterjûnenocht en it Frysk folkstoaniel wie yn opkomst. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisi en de praktisi. Yn 1879 ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding". Dy Selskipsstavering soe it in foech 70 jier úthâlde. De útjefte fan "It Lieteboek" troch it Selskip yn 1876 wie in grut súkses. Der bleau sels jild fan oer. Ek de saneamde Grouster stientsjefeesten, it ûntbleatsjen fan tinkstiennen foar de Halbertsma's op 13 oktober 1875 en 28 maaie 1879, levere direkte winst op: It ûntstean fan de Krite Grou dy't letter in wichtige rol yn it Selskip spylje soe.
It Selskip is sûnt 1945 oansletten by de Ried fan de Fryske Beweging. It ledetal, yn 1957 noch 4400, sakke oant ± 1350 yn 1974. Dit weromrinnen waard feroarsake troch ôffal fan kriten, dy't geandewei selsstanniger waarden en troch bewegingsorganen dy't faak ta net mear as smûke ferienings waarden. Benammen yn de jierren 60 waarden in soad kriten opheft. Foar de oerbleaune kriten levere de ferplichte ôfdracht oan it haadbestjoer faak problemen op. It Aldselskip wie fertsjintwurdige yn de Rie fan de Fryske Beweging, Afûk, de Fryske Kultuerried en IFAT.