It Frysk Grafysk Museum en Grafysk Kabinet is in ûnderdiel fan it Museum De Jouwer oer drukkerij. It sit yn it eardere metaalfabryk Keverling oan de Gieljittersstrjitte. Yn de eardere gieljitterij binne frijwillige drukkers dwaande mei it meitsjen fan boekelizzers, boekjes en posters dy't yn it museum ferkocht wurde. It aksint yn de kolleksje leit op de perioade 1870 - 1930;doe wienen de grutste fernijingen yn de boekdrukkerij.
It museum waard yn 1979 oprjochte en de besittings stienen doe yn in 'stylkeamer' fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Troch romteferlet ferhuze de Stifting letter nei Museum De Jouwer.
Yn it Grafysk Kabinet wurde tentoanstellingen hâlden mei faak keunstsinnich grafysk wurk fan keunstners mei in eigen drukkerij. Ta de kolleksje hearre:
- Orizjinele koperplaten fan de bekende Eekhofatlas.
- Klisjees
- Set- en drukmasines
- Letterkolleksje fan om 1850 hinne
- Oersjoch "Kopperprinten"fan de earste grafyske bedriuwen.
- Argyf oer 'de Bottema's'
Besikers fan it FGM komme binnen fia de baly fan Museum De Jouwer. De tagong is ynklusyf it FRysk Grafysk Museum. It is in aparte stifting dy't ûnderbrocht is binnen it museumkompleks.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |