It Frysk Fassisten Front (FFF) waard oprjochte yn maaie 1933 troch de dichter en feedokter Rintsje Piter Sybesma Ășt Tsjerkgaast en J.M. van der Goot (kandidaat-notaris fan Sondel).

De 'Foarhammer' wie it krantsje fan de FFF. De ienichste bekende aktiviteit fan dizze faksistyske organisaasje is de begjinselferklearring, mei in lytse koarte taljochting. Dy ferklearring waard op 27 juny 1933 opnaam yn de Nieuwe Rotterdamsche Courant. Der wurdt oannomd dat it Frysk Fassisten Front yn de earste helte fan 1934 opgien is yn de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) fan yr. A.A. Mussert.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.