Fruit is in sammelnamme foar de ytbere fruchten fan planten en dêrop lykjende ytbere skynfruchten. Net alle ytbere fruchten wurde lykwols ta it fruit rekkene. Hurde fruchten, lykas nuten, wurde oer it algemien as in aparte kategory beskôge, wylst guon fruchten, lykas de tomaat en de komkommer, ornaris ta de grienten rekkene wurde. Wêr't de grins tusken fruit en griente lutsen wurdt, is frij willekeurich en benammen kultureel bepaald.
Der besteane ferskate beneamings foar groepen fruit. In bei is in type lytse, fleizige frucht, dy't fuortkomt út in inkele blom en dy't ien sied befettet. Súdfruchten is in oerkoepeljende beneaming foar alle fruit dat allinnich mar yn lannen en territoaria mei in waarmer klimaat as Nederlân groeie wol. Sitrusfruchten binne beskate besibbe sophâldende fruchten lykas de sinesapel, sitroen en grapefruit.
Foarbylden
Foarbylden fan fruit binne:
*) binne eins fruchten, mar wurde ornaris ta de grienten rekkene
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|