Froukje Veenstra
sjonger en/of muzikant
Froukje yn 2020
Froukje yn 2020
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFroukje Veenstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne4 septimber 2001
berteplakNieuwkoop
wurkpaad
sjenrePop
sjongtaalNederlânsk
jierren aktyf2020-No

Froukje (echte namme: Froukje Veenstra) (Nieuwkoop, 4 septimber 2001) is in Nederlânske sjongster.

Karriêre

Har earste ferske Groter Dan Ik kaam begjin 2020 út, in protestliet dat de klimaatkrisis beskreau. Tegearre mei Pepijn Lanen (De Jeugd van Tegenwoordig), Leon Palmen en Jens van der Meij skreau se ûnder oare Onbezonnen. Dit ferske waard yn jannewaris 2021 útbrocht. It ferske komt fan de yn 2021 útbrochte ep Licht en donker, dêr't yn totaal seis ferskes op stean. Froukje wie yn maaie 2021 te sjen yn in reklame kampanje fan de Nederlandse Spoorwegen dêr't se it liet Morgen is het weer vandaag foar skreaun hat, dat as eftergrûnmuzyk yn de reklame tsjinne.

Priveelibben

Froukje Veenstra komt út in ûnderwiisgesin wêrby 't muzyk min ofte mear in sintrale rol ferfollet. En hat oan it Rotterdamsk konservatoarium studearre.

Diskografy

EP
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.