Froubuorren
Herfoarme tsjerke
Herfoarme tsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal700 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak13,02 km², wêrfan:
- lân: 12,95
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht.54 ynw./km²
Oar
Koördinaten53° 16' N 5° 42' E
Offisjele webside
Side MFS Froubuorren
FB-side Froubuorren
Kaart
Froubuorren (Waadhoeke)
Froubuorren

Froubuorren (Biltsk: Froubuurt) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Froubuorren leit eastlik fan Sint-Anne, noardwestlik fan Stiens en súdwestlik fan Alde Leie en Aldebiltsyl. De doarpskearn fan Froubuorren leit om de Waling Dijkstrastrjitte en J.P. van der Bildtstrjitte hinne.

De buorskip Buerstermûne (diel) heart ek by Froubuorren. Earder hearden Aldebiltsyl, Nijebiltsyl en Alde Leie (diel) ek by Froubuorren. Alde Leie is sûnt 1984 in selstannich doarp en Aldebiltsyl sûnt 1948. Nijebiltsyl heart no by Aldebiltsyl.

Froubuorren hat 700 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Froubuorren is yn 1505 stifte by it bedykjen fan it Bilt. It wie doe it eastlike fan de trije doarpen fan it Bilt en it hiet Kijfhoeck, nei it plakje yn Hollân. Letter waarden de Biltske doarpen ferneamd nei de nammen fan de parochys.

Froubuorren hiet ynearsten Onse Vrouwen nei Us Leaffrou. Dêrnei hiet it plak Lefrouwebuert (1626) en L. Vrouwen Parochie (1700). De L. stie foar 'Leaf', mar rekke nei it begjin fan de 20e iuw yn ûnbrûk, sadat it Vrouwenparochie (Froubuorren) waard.

Buerstermûne

Om de Buerstermûne eastlik fan it doarp groeide yn 'e rin fan 'e tiid de buorskip Buerstermûne. Ek de eardere buorskip Aldebiltsyl en parten fan Nijebiltsyl en Alde Leie waarden ta de himrik fan Froubuorren rekkene.

Sûnt 2018 leit Froubuorren yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt.

Mienskip

Yn 2019 waard útein set mei de bou fan in nij doarpshûs, tagelyk in akkommodaasje foar ferskillende sportferienings.

Tsjerke

Pastorij

Skoalle

  • Gearwurkingsskoalle De Fierljepper
    De gearwurkingsskoalle ûntstie yn 2012 mei de fúzje fan de iepenbiere skoalle De Hânwizer en de prot.-kristlike skoalle De Barte. Foar de gearfoeging fan de skoallen waard it âlde gebou fan De Hânwizer útwreide, dat yn 2014 iepene waard.[3]

Ferienings

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)

Befolkingsferrin

Jier1848191319541959196419691973200620152022
Ynwenners1.8922.419947940817747792620687693

Eveneminten

Berne yn Froubuorren

18e-iuws wen- en wurkhûs Waling Dykstrastrjitte 21 mei betinkingsstien foar Waling Dykstra

Ynfrastruktuer

Ferbinings

Froubuorren leit oan N393, de Middelwei, dy't nei it westen nei Sint Anne giet en nei it súdeasten nei Stiens. Oer in opfeart hat Froubuorren ferbining mei de Ouwe Rij en de Súdhoekster Faart en fierder nei Berltsum en it âldlân.

Op 2 desimber 1902 waard yn Froubuorren in stasjon iepene fan it spoar fan Stiens nei Harns fan de NFLS. De stasjonskoade wie Vrou. It waard sletten op 1 desimber 1940.

Strjitten

't eerste Morn, Atteswei, Brungerstrjitte, Froubuorstermole, Hamerenwei, J.P. van der Bildtstrjitte, Klaine Izakstrjitte, Langhústerwei, Leyester Hegedyk, M Beckstrjitte, Middelwei-East, Ouwe Griepstrjitte, Readpaad, Steertster, Stienzer Hegedyk, Súdhoekstermiddelwei, Tsjerkeplein, Waling Dykstrastrjitte.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.