Fritz Korbach yn 1978 as trainer fan PEC Swol

Fritz Korbach (Diez an der Lahn, 18 july 1945 - Ljouwert, 14 augustus 2011) wie in Dútske fuotbaltrainer. Korbach waard yn it Dútske Diez an der Lahn berne, en hie in Dútske heit en in Nederlânske mem.

Biografy

As fuotballer kaam Korbach net fierder as de amateurs fan Patria Zeist en Baarn, mar as trainer spilet hy in wichtiger rol yn it fuotbal. Korbach syn karriêre as fuotbaltrainer begûn al yn 1968, doe’t hy assistint fan USV Elinkwyk waard. Letter wie hy ek noch trainer fan ûnder oare Cambuur Ljouwert en SK It Hearrenfean. Yn it seizoen 2006-2007 wie hy noch in skoftke trainer fan de amateurs fan de Harkemase Boys. Hjir waard hy yn maaie 2007 op non-aktyf setten.

Yn 2007 waard in boek oer Korbach publisearre. It boek waard skreaun troch Vincent Ronnes en giet oer it libben fan Korbach yn syn tiid as fuotballer en trainer.

Begjin 2011 waard by Korbach kielkanker yn in fier stadium konstatearre. Yn de simmer fan dat jier folge de diagnose dat er noch inkele moannen te libjen hie. Op 14 augustus 2011 stoar er yn it Medysk Sintrum Ljouwert oan de gefolgen fan in hertoanfal.[1] Op tongersdei 18 augustus koe elkenien ôfskie nimme fan Korbach yn it Kambuur-stadion. De freed dêrop waard Korbach te hôf brocht.

Trainerskarriêre

Bysûnderheden

  • 1974: promoasje nei de earedifyzje mei FC Wageningen
  • 1975: degradearre út de earedifyzje mei FC Wageningen
  • 1978: promoasje nei de earedifyzje mei PEC Swol
  • 1983: promoasje nei de earedifyzje mei FC Folendam
  • 1984: promoasje nei de earedifyzje mei FC Twente
  • 1990: promoasje nei de earedifyzje mei SK It Hearrenfean
  • 1991: degradearre út de earedifyzje mei SK It Hearrenfean
  • 1994: degradearre út de earedifyzje mei Cambuur Ljouwert
  • 2005: Rohda Raalte hanthavene yn de haadklasse C
  • 2007: degradearre út de hoofdklasse C mei de Harkemase Boys
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Voetbaltrainer Fritz Korbach overleden" WâldNet, 14 augustus 2011.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.