Fresia (ek wol Fresiae) wie de Latynske beneaming foar it lân dêr't de Friezen eartiids wenne hawwe en dat brûkt wurdt yn de iere skreaune kroniken om it gebiet fan de Fryske keningen mei oant te tsjutten. Der waard ûnderskied makke tusken in citerior Fresia en ulterior Fresia, wêrby citerior it gebiet wie besuden de Ryn wylst ulterior it oare Fryske lân wie. De namme soe nei it tiidrek fan de Fryske keningen oant de 12e iuw yn swang bliuwe. Benammen de greven fan Hollân neamden harren lange tiid greve fan Fryslân.

Hartochdom Fresia

Under it bewâld fan Karel de Grutte waard yn 804 it Fryske rjocht optekene yn de Lex Frisionum dy't fan tapassing wie op in Hartochdom Fresia dat har útstrekke fan de Sinkfal yn Flaanderen, oant de Weser yn Dútslân.

Dat hartochdom hat nea of mar foar koarten tiid in politike ienheid foarme, om't om-ende-by 800 al gjin sprake mear is fan in wisse foarm fan ienheid. Ut it optekene rjocht docht bliken dat er destiids sprake wie fan trije parten, dy't fan elkoar ûnderskieden waarden troch ôfwikende rjochtsbepalingen. Likegoed yn it tiidrek fan de Fryske keningen al nea wis sprake west hat fan in politike ienheid, hat it wengebiet fan de Friezen dêrnei dat ek net mear west en ek tsjerklik soe it gjin ienheid foarme. Troch de Frankyske bestjoerders waard it ferpart oer de bisdommen Utert en Munster en it aartsbisdom Bremen.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.