- Dizze side giet oer it Frijheidsbyld yn New York. Foar oare betsjuttings, sjoch: Frijheidsbyld (betsjuttingsside).
It Frijheidsbyld yn is in stânbyld yn de haven fan New York City. It stânbyld wie in geskink fan Frankryk, ornearre foar it feest dat holden waard foar de hûndertste jierdei fan de Unôfhinklikensferklearring (1776-1876). Lykwols wie de bou fan it frijheidsbyld pas yn 1886 dien.
De earste stien foar de sokkel waard op 5 augustus 1884 dellein. Yn itselde jier waard it byld yn Parys as test yn elkoar set. Dêrnei folge de boatreis fan 350 ûnderdielen yn 214 kisten nei New York. Op 17 juny 1885 kamen de ûnderdielen fan it stânbyld oan yn de haven fan New York.
Yn Frankryk is der in lytser byld dat makke is troch deselde artyst. It byld dat yn New York stiet is 46,05 meter heech (93 meter as de sokkel meirekkene wurdt).
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.