In relaasje of ferhâlding is de oantsjutting foar lykfol hokker emosjonele bân tusken twa of mear minsken. De doer fan sa'n bân kin útinoar rinne fan libbenslang (bgl. yn in houlik) oant flechtich (lykas yn in onenightstand). De bân dêr't in relaasje om draait, kin basearre wêze op leafde (troud pear), lust (minners), freonskip (freonen, bekenden), fijânskip (rivalen), besibskip (famylje), wurk (kollega's), leafhawwerijen (leden fan deselde feriening), wenplak (buorlju), religy (leden fan deselde gemeente), ensfh. Oer it algemien is it lykwols al sa dat as men sprekt oer "in relaasje" sûnder fierdere útlis, it meastal om in seksuële relaasje giet. Relaasjes kinne regulearre wurde troch de wet, sede en plige of ûnderlinge regelings. Se foarmje de grûnslach fan alle minsklike ynteraksje en dêrmei fan 'e maatskippij as gehiel.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |