Friesian Horse Association North America | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | FHANA | |
nasjonaliteit | Amerikaansk Kanadeesk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | Frysk hynder | |
haadkertier | Lexington (Kentucky) | |
oprjochte | 1984 | |
oprjochter | û.o. Frank Leyendekker | |
orgaan | The Friesian Magazine | |
aktyf yn | de Feriene Steaten en Kanada | |
offisjele webside | ||
www.fhana.com |
De Friesian Horse Association North America (FHANA) is in stamboekorganisaasje foar hynders fan it Fryske ras, dy't aktyf is yn 'e Feriene Steaten en Kanada. It is in feriening dy't oprjochte is yn 1984 troch û.o. Frank Leyendekker, en wêrfan't it haadkertier fêstige is yn Lexington, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. It Keninklik Frysk Hynste Stamboek (KFPS) erkent de FHANA as syn iennichste fertsjintwurdiger yn Noard-Amearika, en oarsom erkent de FHANA it KFPS as de iennichste wrâldwide autoriteit op it mêd fan it Fryske hynder. De FHANA funksjonearret sadwaande yn 'e praktyk as de Noardamerikaanske poat fan it KFPS. It doel fan 'e FHANA is itselde as dat fan it KFPS, te witten: it behâld en de ferbettering troch doelmjittich fokken fan it Fryske hynsteras.
Regio's
De Friesian Horse Association North America hat syn wurkgebiet opdield yn sân ûnderskate regio's. Oan eltse regio is in bestjoerslid fan 'e feriening tawiisd, dy't de leden fan 'e feriening yn syn regio yn it bestjoer fertsjintwurdiget. Sokke bestjoersleden binne dêrmei ek it earste oansprekpunt foar leden yn harren regio's. De ferdieling fan 'e regio's is sa:
- Regio 1: Alaska, Washington, Oregon, Idaho, Noardlik Kalifornje en Britsk-Kolumbia.
- Regio 2: Súdlik Kalifornje, Nevada, Utah, Arizona en Hawaï.
- Regio 3: Montana, Wyoming, Kolorado, Nij-Meksiko, Teksas, Alberta en Saskatchewan.
- Regio 4: Noard-Dakota, Súd-Dakota, Minnesota, Wiskonsin, Nebraska, Iowa, Illinois, Kansas, Missoery, Oklahoma, Arkansas, Louisiana, en Manitoba.
- Regio 5: Michigan, Indiana, Ohio, Pennsylvania en Ontario.
- Regio 6: Kentucky, West-Firginia, Firginia, Tennessee, Noard-Karolina, Súd-Karolina, Mississippy, Alabama, Georgia en Floarida.
- Regio 7: Maine, Fermont, Nij-Hampshire, Massachusetts, Konettikut, New York, Nij-Jersey, Delaware, Rhode Island, Marylân, Washington, D.C., Kebek, Nij-Breunswyk, Prins Edwardeilân en Nij-Skotlân.
Lidmaatskip
Eltsenien yn 'e Feriene Steaten en Kanada kin lid wurde fan 'e Friesian Horse Association North America. Der binne fjouwer soarten lidmaatskip:
- lidmaatskip mei beheinde rjochten (associate membership, foar lju dy't net sels in Frysk hynder yn eigendom hawwe; de kontribúsje bedraacht $60: 40% fan dy foar in folslein lidmaatskip)
- sport- of hobbylidmaatskip (de kontribúsje bedraacht $140, itselde as foar in folslein lidmaatskip)
- folslein lidmaatskip (de kontribúsje bedraacht $140)
- sakelidmaatskip (bedoeld foar profesjonele hynstefokkers; de kontribúsje bedraacht $180; krapoan 130% fan dy foar in folslein lidmaatskip)
It lidmaatskip fan 'e FHANA jout foar it meastepart deselde rjochten as it lidmaatskip fan it KFPS; steatsboargers fan 'e Feriene Steaten en Kanada kinne lykwols net streekrjocht lid wurde fan it KFPS. It lidmaatskip fan 'e FHANA jout fierders rjocht op ferskate foardielen, lykas koartings by oankeapen by beskate bedriuwen en it ûntfangen fan it tydskrift fan 'e FHANA, The Friesian Magazine.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|