It Friesch Volksblad wie it wykblêd fan de Friesche Volkspartij dat ferskynde tusken 25 juny 1876 - 1899. Earste redakteuren wiene Oebele Stellingwerf en Waling Dykstra (oant 1883), letter die Stellingwerf it allinnich.
It blêd wie ûnôfhinklik en tige kritysk; spile yn ferskate kwestjes (Agema-saak, 1881, ferkiezing Domela Nieuwenhuis yn Skoatterlân, 1888) in wichtige rol. It waard op 'en doer it orgaan fan de sosjalistyske Fryske Folkspartij. Doe't de Folkspartij oer har hichtepunt hinne wie (1891) ferlear ek it Friesch Volksblad oan betsjutting. Ein 1899 is it ferdwûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.