Friedrich Kaulbach (skilder)
keunstner
Friedrich Kaulbach, 1862
Friedrich Kaulbach, 1862
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitDútsk
berne8 july 1822
berteplakBad Arolsen
stoarn17 septimber 1903
stjerplakEngesohde, Hannover
wurkpaad
wurksum asportretskilder, skilder fan histoarjestikken
perioadelette romantyk

Friedrich Wilhelm Christian Kaulbach (Bad Arolsen yn Hessen, 8 july 1822Hannover, 17 septimber 1903) wie in Dútse keunstskilder en universitêr dosint oan de Leibniz Universität Hannover.

Libben en wurk

Hy wie in soan fan Christian Kaulbach (1777-1847), in meubelmakker yn Arolsen. Hy wie ek de neef en op in stuit de learling fan de skilder Wilhelm von Kaulbach, soan fan Philipp Karl Friedrich von Kaulbach (1775-1846), goudsmid en amateurskilder.

Nei in besite oan Feneesje yn 1844 gongen hy en syn omke Wilhelm útinoar. Hy skildere ûnôfhinklik oant 1848, doe 't er it skilderij Adam en Eva njonken it lichem fan Abel makke. Dat late ta in oprop foar in professoraat oan de Akademie der Bildenden Künste München, yn München, dy 't er ôfwiisde.

Professor Friedrich Kaulbach mei frou en dochter, 1902

Yn 1850 reizge er nei Parys, dêr 't er histoaryske skilderijen makke en yn syn jild fertsjinne troch portretten te meitsjen. Yn 1850 joech Maximiliaan II fan Beieren him de opdracht om de kroaning fan Karel de Grutte te skilderjen foar it Museum Maximilianeum. It skilderij waard foltôge yn 1861.

Hofskilder yn Hannover

Kaulbach tsjinne as hofskilder fan kening George V fan Hannover, dy 't er geregeld portrettearre, dêr 't er in favorite portretskilder fan de lokale adel wie. Wylst er hofskilder fan Hannover wie, krige er in professoraat oan de Leibniz Universität Hannover. Neist oare foardielen joech de kening him syn eigen atelier en went, ûntwurpen troch de arsjitekt Christian Heinrich Tramm (1857-60) yn Hannover. Yn har memoires beskreau syn dochter Isidore de besikers fan it famyljehûs, dêr 't Johannes Brahms, Clara Schumann, Franz Liszt, Joseph Joachim, Ernst von Wildenbruch en Anton Rubinstein by wiene.

Gâns fan syn portretten, lykas dy fan keizeryn Elisabeth (Sisi), kroanprins Albrecht en de grevinne Stolberg, binne bûtengewoan detaillearre, sels hast ljochtjouwend. Syn bêste frouljuportretten fersterken syn reputaasje. Kaulbach ûntfong de gouden medalje fan de Berlynske keunstakademy op de wrâldtentoanstelling fan Wenen yn 1873.

Friedrich Kaulbach waard beïerdige op it Stadtfriedhof Engesohde yn Hannover.

Kaulbach syn soannen, Friedrich August, Anton en Sigmund (1854-1894) wiene ek keunstskilders.

Galery

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Paul Trommsdorff: Der Lehrkörper der Technischen Hochschule Hannover 1831–1931. Hannover 1931, s. 107.
  • Isidore Kaulbach, Friedrich Kaulbach. Erinnerungen an mein Vaterhaus. Berlyn: 1931.
  • Henning Rischbieter: Hannoversches Lesebuch oder: Was in Hannover und über Hannover geschrieben, gedruckt und gelesen wurde. Volume 2: 1850-1950. 2e Ed Hanover: Schlueter 1991, s. 102-105 (mei fragminten út Isidore Kaulbachs oantinkens). ISBN 3-87706-359-4
  • Hugo Thielen, yn: Dirk Böttcher, Klaus Mlynek, Waldemar R. Röhrbein, Hugo Thielen: Hannoversches Biographisches Lexikon. Von den Anfängen bis in die Gegenwart. Schlütersche, Hannover 2002, ISBN 3-87706-706-9, S. 195.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.