Freulepartij
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
holden ynsportfjild efter it âlde
   gemeentehûs
datum1 wike nei de PC
tiid fan it jierbegjin augustus
bysûnderheden
soarte evenemintsportevenemint (keatsen)
bestean1903 – no
org. trochKF Wommels (o/m 2016)
St. De Freulepartij (fanôf 2017)
offisjele webside
kfwommels.nl/freulepartij

De Freulepartij [1] is in keatswedstryd dy't alle jierren yn it Fryske doarp Wommels holden wurdt. Der komt elts jier in publyk fan sa'n 4.500 oant 5.000 minsken op ôf. De Freulepartij is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, en is dêrmei de manlike wjergader fan 'e Ald-Meiers Partij yn Hitsum, foar famkes fan dy âldens. It evenemint bestiet sûnt 1903, en wurdt elts jier op in woansdei yn begjin augustus holden, persiis in wike nei de PC yn Frjentsjer. (De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan july, of, as july mar fjouwer woansdeis hat, op 'e earste woansdei fan augustus.) De woansdeis nei de Freulepartij wurdt yn Jellum-Bears de Revâns-Freule ferkeatst.

Skiednis

De Freulepartij waard foar it earst spile op 5 augustus 1903.[2] De wedstryd is ferneamd nei frelle (freule) Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, dy't keatsen in sûn tiidferdriuw foar opslûpen jonges fûn. Dêrom stelde hja yn 1902 in flink bedrach oan jild beskikber foar de oprjochting fan in jierliks weromkearende wedstryd yn har wenplak Wommels. Dêrfoar waard se letter eare mei in boarstbyld dat op De Terp stiet, yn it sintrum fan it doarp.

Yn 1943 en 1944 gie de Freulepartij net troch fanwegen de Twadde Wrâldoarloch.

De organisaasje fan 'e Freulepartij wie mear as 110 jier yn 'e hannen fan 'e Keatsferiening Wommels, mar úteinlik groeide it evenemint sa grut dat men suver mear mei de Freulepartij dwaande wie as mei de saken dêr't in keatsferiening foar bedoeld is. Dêrom waard de organisaasje yn 2017 oernommen troch de nij oprjochte Stichting De Freulepartij Wommels. Dy sette doe útein mei in wiidweidich fernijings- en ferjongingsprogramma dat foar de edysje fan 2018 foar it earst fruchten begûn ôf te werpen.

In loftfoto fan Wommels, mei rjochts njonken de tsjerke it âlde gemeentehûs fan Littenseradiel en dêrefter it sportfjild dêr't de Freulepartij ferkeatst wurdt.

Sa waard it publyk by de yngong fan it sportfjild oan De Keatsebaen tenei wolkom hjitten troch in grut digitaal boadskippeboerd en waarden alle frijwilligers yn in nij tenu stutsen. Ek waard der op 'e jûn fan 'e tiisdei foarôfgeande oan 'e Freulepartij foar it earst in 'Freulekafee' holden yn it Wommelser Kafee It Reade Hynder, dat troch Omrop Fryslân fan 19.00 oant 20.00 oere útstjoerd waard. Ek nij wie dat der yn it skoft foar de finale en nei ôfrin fan 'e keatspartij in optreden wie fan in dweilorkest, yn 2018 fersoarge troch De Menaemer Feintsjes.

Yn 2020 waard de Freulepartij fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy sûnder taskôgers ferkeatst op sneon 19 septimber.

Regels en tradysjes

De ferkeap fan tangongskaartsjes begjint neffens de tradysje by Warehûs Van der Velde yn Wommels, dêr't de earste gadingmakkers dan moarns om kertier oer fiven al foar de doar sitte.

Dielname oan 'e Freulepartij stiet iepen foar jongespartoeren fan alle keatsferienings dy't as ôfdielings oansletten binne by it KNKB. Eltse ôfdieling mei maksimaal ien partoer nei de Freule ôffurdigje. De winners ûntfange goudene klokjes en in wikselpriis (de "Freule") dy't nei frelle De Vos van Steenwijk neamd is en bestiet út in miniatuer fan har filla. Jonges dy't de Freulepartij al in kear wûn hawwe, binne dêrnei útsletten fan fierdere dielname, ek al falle se yn 'e jierren dêrop noch binnen de leeftydskategory fan 14 oant en mei 16 jier.

It winnen fan 'e Freulepartij wurdt rekkene as it earste bledsje fan it saneamde Klaverke Fjouwer. De oare trije bledsjes kinne wûn wurde by: de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. It komt mar tige selden foar dat keatsers alle bledsjes fan it Klaverke Fjouwer winne.

Winners

Hjirûnder in list mei winners fan 'e Freulepartij.[3]

jier plak keatsers
1903EasterlittensH. v.d. Feer
Th. v. Buren
S. v. Buren
1904EastereinA. Terpstra
A.H. Dijkstra
M. Bonnema
1905ArumB.K. Tolsma
H. Kuipers
J. Postma
1906FrjentsjerJ.U. Vlietstra
J. Alkema
M. Hiemstra
1907AchlumH. Rollingswier
F.de Jong
J. Alkema
1908AchlumH. Rollingswier
U. Donia
J. Alkema
1909FrjentsjerD. Ferwerda
A. Smidts
Y. Aukema
1910PenjumJ. Reitsma jr.
O. Postma
J. Dijkstra
1911EastereinJ.Y. Heeg
L. Bonnema
B. de Haan
1912DokkumG. de Vries
Tj. Hoogeveen
R. Brouwer
1913RaerdW. Oosterhof
H. de Jong
J. de Jong
1914net trochgien fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch
1915HarnsJ. v.d. Plaats
A. van Veen
J. Broersma
1916DokkumK. Toornstra
P. Brouwer
I. Jousma
1917WytmarsumT. Zijlstra
J.A. Reitsma
D. Hettema
1918Sint-AnneY. Schuitmaker
J. Schat
R. Kuiken
1919DokkumH. Visser
K. Kooistra
P. Ronner
1920WommelsE. de Groot
J. Krips
R. Boersma
1921FrjentsjerChr. v.d. Woude
J. Paulides
S. Haitsma
1922BoalsertC. de Way
S. Kramer
L. Kramer
1923HolwertH. Schaafsma
O. Hiddema
J. Tilstra
1924MantgumJ. de Groot
A. Mulder
H. Jepma
1925WommelsT. de Haas
R. Pagels
A. Tjallema
1926FrjentsjerE. v.d. Schoot
G. v. Smeden
R. Kats
1927PenjumS.R. de Vries
D.L. Hylarides
Tj. Hiemstra
1928Sint-AnneJ. Bijlsma
T. Brouwer
H. de Jong
1929BitgumD. Halbertsma
G. Stienstra
M. Halma
1930ArumL. v.d. Weerd
G. Kuipers
C. Kamminga
1931HarnsB. v. Seijst
F. de Jager
S. v.d. Meer
1932SnitsY. Blom
Sj. Ypma
Sj. Sikkes
1933HuzumY. Swierstra
A. Paassen
B. de Vries
1934LjouwertB. v.d. Woude
P. Dorenbos
R. Keizer
1935BitgumSj.J. Rijpstra
Sj.A. Rijpstra
P. Burenga
1936HarnsG. Braaksma
F. Bouma
F. Helfrich
1937Sint-JabikJ. Terpstra
K. Tjepkema
D. Ganzinga
1938WierK. Wassenaar
W.Wieling
A. Bergsma
1939WeidumF. de Boer
Jan de Groot
B. Venema
1940RaerdP. de Jong
G. de Jong
W. de Boer
1941BerltsumR. Schaafstra
S. Beetstra
H. Rekker
1942MenaamM. Kingma
J. Stienstra
P. Kamminga
1943net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldoarloch
1944net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldoarloch
1945LjouwertS. Sevenster
G. Hoving
A. Veldkamp
1946ArumJ. Hiemstra
P. de Groot
J. Tolsma
1947WytmarsumA. v.d. Meer
A.J. v.d. Meer
E.T. Zijlstra
1948ReduzumG. Jonker
F. de Jong
U. Tolsma
1949LjouwertJ. Bijsterveld
A. Wouda
A. Radelaar
1950PeinsH. Gjaltema
E. Faber
P. Boonstra
1951HarnsP. Schuil
P. Dijkstra
H. Bultje
1952FrjentsjerG. Herrema
E. de Boer
W. de Jong
1953LjouwertW. Hulscher
J. Dijkhuis
D. v.d. Zee
1954HarnsJ. Dijkstra
J. v. Straten
S. Helfrich
1955StiensJ. v. Dijk
J. Bilstra
G. Römer
1956FrjentsjerJ. Seerden
P. Sikkema
S. Sikkema
1957EasterlittensP. Santema
M. v.d. Molen
M. Santema
1958LjouwertR. de Groot
G. Hoekstra
M. Delgrosso
1959PenjumJ. v.d. Meer
Tj. Huizenga
O.D. Wijnalda
1960LjouwertH. Schaaf
S. v.d. Veer
Joh. Westra
1961TsjummearumT. Meijer
Joh. Reitsma
S. Heeringa
1962LjouwertR. de Ruiter
S. v.d. Meulen
D. Scheepstra
1963LjouwertH. Volbeda
R. Sepp
C. Schaalje
1964EasterlittensP. Zijlstra
R. Toering
A. Toering
1965FrjentsjerS. Hoekstra
E. Veltman
H. Kramer
1966MarsumY. Zuiderveld
H. Klazinga
L. Breuker
1967BitgumD. Beimers
H. Laanstra
M. Zijlstra
1968FrjentsjerH. Seerden
A. de Boer
A. Roosenburg
1969WommelsP. de Jong
H. Zijlstra
J. Joustra
1970FrjentsjerR. de Jong
H. Procee
C. Roosenburg
1971StiensG. Faber
P.J. Faber
A. Rinkema
1972BitgumJ. v.d. Vlugt
K. Larooi
O. Larooi
1973HarnsJ. v.d. Molen
G. Taekema
Sj. Nota
1974DronrypD. Smeding
G. Jorritsma
J. Vaas
1975FrjentsjerN. Douma
D. Hoekstra
D. Kuperus
1976DronrypK. Laanstra
Y. Arendz
D.J. v.d. Wal
1977KimswertA. Brunia
A. v. Straten
H. Wiersma
1978Sint-JabikJ.H. Bierma
L. Leeuwen
J. Nicolai
1979MakkumP. Rinia
F. Huisman
T. Bootsma
1980ArumJ. Hibma
R. Wiersma
H. Rusticus
1981PenjumS. Nieuwenhuis
D. de Haan
A. Kooistra
1982ReduzumG.Zijlstra
P.Tolsma
A. Tolsma
1983DronrypG. Smid
T. Ringia
W. Tuinman
1984ArumA. v.d. Meer
J. van IJs
G. Okkinga
1985FrjentsjerM. Wever
T. Vellinga
J. Sjoers
1986MakkumY.K. Dijkstra
Y. Smink
C. v.d. Logt
1987FrjentsjerErik Seerden
J. Nagel
R. Tempel
1988SweinsM. Sijtsma
J. de Jong
L. Idsardi
1989FrjentsjerA. Terpstra
R. Hooghiemstra
R. van Wier
1990TsjummearumW. Heeringa
P. Zuidema
S. Broekstra
1991EastereinG.J. Hiemstra
R. Hoekstra
R. Sijbesma
1992WommelsM. Brouwer
H. Tanja
R. Klijnsma
1993MinnertsgeaW.H. de Haan
Joh. Wassenaar
W. Faber
1994BerltsumR. Grovenstein
J. Boomsma
A. v.d. Graaf
1995MarsumG. Hiemstra
H. Jorritsma
J. Jorritsma
1996MinnertsgeaP. Sinnema
J. Wassenaar
R. Faber
1997MinnertsgeaH.G. Drijfhout
W.J. de Roos
C. Terpstra
1998MenaamJ.H. Postma
K. Kingma
W. Bijlsma
1999Sint-JabikT. Triemstra
W. Veenstra
D. Hogenhuis
2000StiensF. Ferwerda
S. Ferwerda
J.Oostra
2001WommelsH. Engbringhof
J.K. Haitsma
Kees Adema
2002Reahûs/TurnsT.Altenburg
B.Poelsma
S. Terwisscha v. Scheltinga
2003WytmarsumJ. Zaagemans
C. Anema
G.J. Meekma
2004MakkumLennart Adema
Hyltje Bosma
Jorn Adema
2005HolwertGert Anne van der Bos
Matthijs van der Velde
Rudolf Soepboer
2006DronrypSjoerd van der Meer
Rutger Diertens
Johan Diertens
2007TsjummearumArnold Zijlstra
Hans Wassenaar
Steven de Bruin
2008WjelsrypJelmer Hofstee
Paulus Yde Walda
Jouke Bosje
2009WjelsrypPieter Sijbren Scharringa
Jelle Scharringa
Elmar Pieterse
2010BoalsertHendrik Bouwhuis
Willem Siebe Hilwerda
Peter van Zuiden
2011SeisbierrumJohannes van der Veen
Kees van der Schoot
Pieter van der Schoot
2012FrjentsjerKars Zeinstra
Allard Hoekstra
Christian de Haan
2013DronrypWierd Baarda
Sander Kingma
Sybren Blanksma
2014Hijum/FeinsumHielke Beijering
Jetze Lutzen Plantenga
Laas Pieter van Straten
2015MakkumJurre Rinia
Jouke Vlasbloem
Klaas Pier Folkertsma
2016MenaamHarmen Schuitmaker
Tom Gerard Cats
Tycho de Groot
2017BoalsertHidzer Bogaard
Jelle Cnossen
Menno Galama
2018EanjumGerwin Dijkstra
Gerrit Dijkstra
Sytse Koree
2019WinsumHessel Postma
Gosse de Haan
Jelke Greidanus
2020Dronryp[4]Rutger Kumbangsila
Jorn Lars van Beem
Rick Minnesma
2021Tsjom[5]Steven Koster
Robin Benders
Jorrit Palma
2022Moarre-Ljussens[6]Folkert Jelmer Visser
Douwe Dijkstra
Johan Sipma
2023Dronryp [7]Brent Jesse van Beem
Bjorn Idsardi
Brent Timmerman

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eins soe it yn geef Frysk 'Frellepartij' wêze moatte, mar net ien dy't dat seit.
  2. ――, Kaatspartij Wommel Groote Jongens Kaatspartij, yn: de Ljouwerter Krante, 27 july 1903.
  3. List fan Freulewinners op 'e webside fan 'e Keatsferiening Wommels
  4. Nijsberjocht op KNKB.nl "‘Boem, boem Van Beem’ brengt Dronryp winst Freule"
  5. Nijsberjocht op KNKB.nl "Tzum wint 119e editie van de Freule"
  6. Nijsberjocht op omropfryslan.nl "LIVEBLOG Freule: Moarre-Ljussens ferslacht Raerd yn de finale"
  7. Omrop Fryslân, 9-8-2023, Dronryp makket favoriterol wier en wint Freulepartij

  • Bokma, Hinne, Stichting set troch mei ferjonging en fernijing fan Freule, yn: Op 'e Skille, 6 augustus 2018, s. 3.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.