Freelance is in term dy't tafoege wurde kin oan in berop (wêrby't it foarôfgiet oan 'e namme fan it oangeande berop), om oan te jaan dat de beskreaune persoan net yn fêste tsjinst is. Soks komt foaral faak foar yn 'e sektor fan 'e sjoernalistyk, dêr't men bgl. gauris sprekt fan in freelance-sjoernalist, in freelance-fotograaf of in freelance-ferslachjouwer. Dêrmei wurdt bedoeld dat sa'n sjoernalist of fotograaf net yn fêste tsjinst fan in krante of tydskrift stiet en dat sa'n ferslachjouwer net oan in beskate omrop of stjoerder ferbûn is. Ynstee behannelje se ûnderwerpen dy't se sels ynteressant fine of wêrfan't se ferwachtsje dat der fraach nei wêze sil, en besykje dy efterôf te ferkeapjen oan kranten, tydskriften of tillefyzje- of radiostjoerders.
De term freelance waard yn 'e Ingelske taal yntrodusearre troch de ferneamde Skotske skriuwer sir Walter Scott (1771-1832), dy't der yn syn histoaryske roman Ivanhoe, út 1820, mei ferwiisde nei "frije lânsen", oftewol ridders dy't yn ruil foar jild foar in persoan of saak fjochtsje woene (yn tsjinstelling ta ridders dy't ûnder it feodale stelsel as lienman trou sward hiene oan in lienhear). Om 'e 1860-er jierren hinne ferskode de betsjutting fan letterlik nei figuerlik (en koene dus lju út alderhanne beroppen dermei oantsjut wurde), en yn 1903 waard it troch it gesachhawwende Oxford English Dictionary erkend as in tiidwurd (ien dy't as wurket sûnder fêst tsjinstferbân, is oan it freelancen). Pas sûnt de 1960-er of 1970-er jierren waard freelance yn it Ingelsk as eigenskipswurd brûkt en benammen yn dy foarm is it mei in tuskenstap yn it Nederlânsk sûnt de tachtiger jierren it Frysk ynkrongen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |