Fredericton
Sintrum mei stedhûs
Sintrum mei stedhûs
Polityk
LânKanada
ProvinsjeNij-Breunswyk
CountyYork Sunbury
Sifers
Ynwennertal50.535 (2006)
Oerflak130,68 km²
Befolkingsticht.386,7 / km²
Stêdekloft85.688
Hichte20 m
Oar
Stifting1785
TiidsôneAST (UTC-4)
Simmertiid(UTC-3)
Koördinaten
Offisjele webside
http://www.fredericton.ca

Fredericton is in stêd yn Kanada en de haadstêd fan de provinsje Nij-Breunswyk. De stêd is neamd nei Freark Augustus, hartoch fan York (1763-1827). Fredericton is mei iepen see ferbûn troch de Sint John Rivier, dy't troch de stêd streamt.

It provinsjaal parlemint hat syn sit yn Fredericton, dat ek in wichtich kultureel-, artistyk- en ûnderwiissintrum foar Nij-Brunswyk is. De stêd hat twa universiteiten. De komponist Jānis Kalniņš wenne fan 1948 oant 2000 yn Fredericton.

It plak dêr't de stêd no leit hat yn it ferline sawol ûnder Frânsk as Britsk bewâld stien. Dêrfoar wie tichteby in soarte fan haadplak fan lânseigen Yndianestammen.

Bekende ynwenners

  • Charles Fisher (1808–1880), politikus
  • Charles Frederic Hartt (1840–1878), natuerûndersiker
  • Willie O’Ree (* 1935), iishokkyspiler
  • Joe Medjuck (* 1943), produsint
  • Danny Grant (* 1945), iishockeyspiler en -trener
  • Jeffrey Scholten (* 1977), shorttracker
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.