Fredericus Anna Jentink
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne20 augustus 1844
stoarn4 novimber 1913 (69 jier)
stjerplakLeien
etnisiteitflagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amtBiolooch/Soölooch
reden
  bekendheid
Undersyk sûchdieren

Fredericus Anna Jentink (Wymbritseradiel, 20 augustus 1844Leien, 4 novimber 1913) wie in Nederlânsk soölooch fan Frysk komôf.

Libben en wurk

Jentink promovearre yn 1875 oan de Universiteit fan Leien ta doktor yn de soölogy mei it proefskrift Over Systematiek en Generatie Organen van Naakte Pulmonaten. Hy waard dat jier konservator oan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoary yn Leien. Yn 1884 folge er Hermann Schlegel op as direkteur fan it museum, in funksje dy't er oant syn ferstjerren yn 1913 útoefene. Hy wie ek redakteur fan it tydskrift Notes from the Leyden Museum. Yn 1895 wie er foarsitter fan it tredde ynternasjonaal soölogysk kongres, dat yn Leien holden waard. Hy wie itselde jier ek ien fan de stichters fan de International Commission on Zoological Nomenclature (ICZN).

Jentink syn wittenskiplik wurk wie foaral rjochte op de systematyk fan de sûchdieren. Hy is de wittenskiplike skriuwer fan stúdzjes nei mear as ien soart fan kjifdieren, flearmûzen en rôfbûdeldieren, ûnder mear fan Lorentz' bûdelmûs út Nij-Guineä, de wytwjukfampierflearmûs út Latynsk-Amearika en Müllers rôt fan Malakka, Sumatra en Borneo.

Yn 1908 beskreau er de sûchdieren dy't in jier earder sammele wiene ûnder de Earste Súd-Nij-Guinea Ekspedysje, laat troch Hendrikus Albertus Lorentz.[1]

Jentink wie ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.[2]

Oldfield Thomas ferneamde de Jentinkdûker en it iikhoarntsje Sundasciurus jentinki nei F.A. Jentink.

Literatuer

  • Fredericus Anna Jentink (1844–1913). Yn: Notes from the Leiden Museum, Bd. 36, 1913. S. 254
  • Bo Beolens, Michael Watkins, Michael Grayson: The Eponym Dictionary of Mammals JHU Press, 2009, ISBN 9780801893049: S. 211–212
  • L. B. Holthuis: 1820 - 1958 Rijksmuseum van Natuurlijke Historie C.h.j.m. Fransen, C. van Achterberg, P.j. van Helsdingen (wúj.) Nationaal Natuurhistorisch Museum 1995 (PDF online)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. F.A. Jentink. "Mammals collected by the Dutch New Guinea Expedition 1907." Yn Nova Guinea. Uitkomsten der Nederlandsche Nieuw-Guinea-Expeditie in 1907 en 1909 onder leiding van Dr. H.A. Lorentz.
  2. Ljouwerter Krante, 5 novimber 1913
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.