Fred Veenstra (8 novimber 1962) is in Nederlânsk politikus fan it CDA.
Veenstra waard berne yn Grinslân, mar waard grut yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. Hy studearre bestjoersrjocht en wurke dêrnei as amtlik sekretaris fan it buro foar kristlik ûnderwiis yn Enskede, dêr't er ek yn de gemeenteried siet. Letter waard er juridysk konsultant by Metrium Onderwijsdiensterverlening yn Ljouwert. Yn de perioade wie er CDA-fraksjefoarsitter yn Drachten en yn 2002 waard er wethâlder yn de gemeente Smellingerlân. Fan 2010 oant 27 novimber 2015 wie er boargemaster fan Frjentsjerteradiel.[1] Neijier 2015 folge syn beneaming ta boargemaster fan De Fryske Marren.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.