Frank Ziereis
militêr
SS-Obersturmbannführer Franz Ziereis.
SS-Obersturmbannführer Franz Ziereis.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
berne13 augustus 1905
berteplakMünchen
stoarn24 maaie 1945
stjerplakGusen
etnisiteitBeiersk dútser
wurkpaad
tsjinsttiid1924 - 1936
1936 - 1945
legerûnderdielSS-Totenkopfverbände
SS-Totenkopf-Standarte 2 "Brandenburg"
SS-Totenkopf-Standarte 3 "Thüringen"
Buchenwald
heechste rang SS-Standartenführer
befelKampkommandant Mauthausen
konflikt(en)Twadde Wrâldkriich-Anschluss
ûnderskiedingsU.o. Krús foar Oarlochsfertsjinste mei Swurden

Franz Ziereis (München, 13 augustus 1905 - Gusen, 24 maaie 1945) wie Lagerkommandant ('kampkommandant') fan konsintraasjekamp Mauthausen yn de Twadde Wrâldoarloch.

Ziereis waard berne yn Múnchen, dêr't er acht jier nei de legere skoalle gie. Dêrnei waard er learling en boardskipjonge yn in warehûs. Jûns studearre er hannelswittenskip. Yn 1922 gie er oan 't wurk yn in timmerwinkel.
Ziereis tekene yn 1924 as soldaat foar de Reichswehr in kontrakt foar tolve jier en ferliet de Wehrmacht yn 1936 yn de rang fan Feldwebel. Dêrnei waard hy SS-Obersturmführer by de Schutzstaffel (SS). Yn 1938 wie er belutsen by de anneksaasje fan Eastenryk, en yn 1939 krige er it kommando oer Mauthausen. Dêrfoar hie er al in skoft yn Buchenwald west.

Yn 1944 waard Ziereis fanwegen 'bysûndere prestaasjes as Lagercommandant' befoardere ta SS-Standartenführer.

Ziereis flechte mei syn frou 3 maaie 1945, mar waard op 20 maaie by syn jachthutte op 'e berch Pyhrn yn Eastenryk troch Amerikaanske troepen arrestearre. Doe't er besocht út te naaien waard er rekke troch in kûgel. Yn de nacht dêrnei waard Ziereis ûnderfrege en sy ferklearring opskreaun. Koart skoft dêrnei stoar Ziereis oan syn ferwûningen; syn lichem waard troch eardere kampfinzenen oan it stek fan it kamp ophongen.

Militêre karriêre

  • Soldat: 1924
  • Feldwebel: 1936
  • SS-Obersturmführer: 1 oktober 1936[1]
  • SS-Hauptsturmführer: 12 septimber 1937[1]
  • SS-Sturmbannführer: 25 augustus 1939
  • SS-Obersturmbannführer: 1 septimber 1941[2]
  • SS-Standartenführer: 20 april 1944[3]

Registraasjenûmer

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 1 2 3 (dú) Dienstaltersliste der Schutzstaffel der NSDAP van 01.12.1937. s.114-115. Sjoen 4 jan. 2016.
  2. (dú) Dienstaltersliste der Schutzstaffel der NSDAP van 01.10.1942. s.22. Sjoen 4 jan. 2016.
  3. (dú) Dienstaltersliste der Schutzstaffel der NSDAP van 01.10.1943. s.16. Sjoenn op 4 jan. 2016.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.